Springe nei ynhâld

Rheingauer Dom

Ut Wikipedy
Rheingauer dom
Lokaasje
lân Dútslân
regio Hessen
lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
plak Geisenheim
koördinaten 49° 58' N 7° 58' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Limburch
Arsjitektuer
arsjitekt Philipp Hoffmann (19e iuwske tuorren)
boujier 1510-1518
gevel mei tuorren 1834-1838
boustyl Gotyk, neogotyk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side parochy Heilig Kreuz, Rheingau
Kaart
Rheingauer Dom (Hessen)
Rheingauer Dom

De Hillich Krústsjerke (Dútsk: Heilig Kreuzkirche) is in roomsk-katolike parochytsjerke yn Geisenheim yn 'e Dútske dielsteat Hessen. De tsjerke is faaks noch mear bekend as de Rheingauer Dom fanwegen it oansjen fan it gebou; de funksje fan biskopstsjerke hat de dom lykwols nea hân.

Ynterieur.

De letgoatyske halletsjerke waard yn 'e jierren 1510-1518 boud en ferfong in âldere romaanske tsjerke, dy't foar it earst yn 1146 neamd waard. Nei't yn 1829 de brekfallige oarspronklike romaanske tuorren ôfbrutsen waarden levere de út Geisenheim ôfkomstige boumaster Philipp Hoffmann it ûntwerp foar de neogoatyske ferbouwing yn 'e jierren 1834-1838. Njonken de nijbou fan 'e mear as 46 meter hege tuorren waarden ek de ferwulften fan it skip fernijd.

Ut it letgoatyske tiidrek datearje de netferwulften fan it koer. Ek it saneamde Trijekeningenalter yn it súdlike sydskip stamt út dat tiidrek. It rike heechalter waard yn 1886 makke. Yn it noardlike sydskip stiet it Marije-alter.

De tsjerke hat in oargel út 1842 fan 'e bruorren Stumm. It oargel hat 33 registers op twa manualen en pedaal. By in restauraasje is it oargel yn 'e oarspronklike steat werombrocht. In soad registers fan Stumm binne orizjineel bewarre bleaun.

De tsjerke hat fjouwer klokken, wêrfan trije histoaryske klokken en ien moderne.

  • disposysje klokken: cis1 - d1 - e1 - f1
Nû.
 
Namme
 
Gewicht
(kg)
Ø
(mm)
Schlachtoan
(16tel)
Jitjier
 
Jitter
 
Plak
 
1 Christus ± 2500 1570 cis1 -9 1401 ûnbekend noardlike toer
2 St. Martin ± 1300 1300 d1 -11 1631 Thomas Simon, Mainz súdlike toer
3 St. Josef 1231 1230 e1 -8 1960 Friedrich Wilhelm Schilling noardlike toer
4 Sta. Maria ± 800 1080 f1 +2 1484 Heinrich Moller, Frankfurt súdlike toer


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.