Geisenheim

Ut Wikipedy
Geisenheim
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Sifers
Ynwennertal 11.626 (31.12.2020)
Oerflak 40,35 km²
Befolkingstichtens 288 / km²
Hichte 90 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 59´N 7° 58´E
Webside www.geisenheim.de

Geisenheim is in stêd yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen. Geisenheim leit tusken Rüdesheim en Wiesbaden en stiet bekend om syn domtsjerke en de iuwenâlde linebeam.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geisenheim wurdt yn fjouwer stedsdielen ferdield: Geisenheim, Johannisberg, Marienthal en Stephanshausen. Johannisberg is faaks it bekendste stedsdiel fan Geisenheim. It is it plak dêr't de Spätlese ûntstie, in wyn dy't makke wurdt fan oerripe druven. Marienthal krige syn namme troch it kleaster Marienthal. It kleaster stiet bekend om de Marije-beafeart. Ek ûnstie yn dit kleaster de earste kleasterprinterij fan 'e wrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Geisenheimer Dom

Geisenheim wurdt foar it earst yn in oarkonde út it jier 772 neamd. Yn 1864 krige Geisenheim stedsjrochten. By de gemeentlike weryndieling fan Hessen op 31 desimber 1971 waard de oant dan ta selstannige gemeente Johannisberg by Geisenheim yndield. Op 1 jannewaris 1977 waard ek de eardere selstannige gemeente Stephanshausen by Geisenheim yndield.

Bûtenkamp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tiid fan it Tredde Ryk waard foar de wapenproduksje fan Friedrich Krupp AG yn Geisenheim yn de hallen fan de masinefabryk Johannisberg GmbH in bûtenkamp fan it konsintraasjekamp Natzweiler-Struthof ynrjochte. Op 12 desimber 1944 waarden 200 froulju yn it kamp ûnderbrocht, fral joadinnen út it getto fan Lodz dy't by de oankomst yn Auschwitz geskikt acht waarden om te wurkjen. De measte finzenen oerlibben harren tiid yn Geisenheim, somtiden mei help fan Dútsers dy't iten joegen, mar op 18 maart 1945 moasten de froulju op deademars nei Dachau. De froulju dy't oerlibben waarden dêr lang om let troch de Amerikanen befrijd.

Dêrnjonken lei der op it terrein ek noch in kamp mei 25 (1943) Russyske kriichsfinzenen.

It kamp leit tusken it spoar Rüdesheim-Wiesbaden, de Winkeler Straße en it tankstasjon Reutershan.

It besjen wurdich (kar-út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geisenheim[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Linebeam fan Geisenheim
Johannisberg
  • Foar it riedshûs oer stie op it Lindenplatz stiet in grutte linebeam, dy't op sa'n 700 jier rûsd wurdt. Yn de jierren 1970 moast de twadde kroan fan de beam fanwegen sykte kapt wurde.
  • De katolike tsjerke stiet bekend as de "Rheingauer dom" en hat in neogoatysk front mei dûbele tuorren. It tsjerkeskip en it koer binne 16e iuwsk. De tsjerke besit in ryk ynterieur en in oargel fan Stumm út de 19e iuw. De neoromaanske protestantske tsjerke waard yn de jierren 1891-1897 neffens it ûntwerp fan Ludwig Hofman boud.
  • De hallen fan de masinefabryk Johannisberg Geisenheim is in ynstrustriëel monumint fan de lange tradysje fan masinebou yn Geisenheim.
  • Yn it Bachelin-Haus út 1695 is in keamer mei behang út de jierren 1822-1823. It behang is mei de hân beskildere en is yn Dútslân it âldste behang dat yn in boargerhûs mei de hân beskildere waard.

Johannisberg[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It Slot Johannisberg is in lângoed mei wyngerd, dat werom giet op in wyngerd fan in kleaster. Fan de kleastergebouwen is neat mear oer, mar de kleasterbasilyk út 1130 is noch jimmeroan oanwêzich. It skip fan de basilyk waard lykwols foar de bou fan it slot ynkoarte.
  • De Burg Schwarzenstein is in folly út 1873.
  • It eardere benediktynske kleaster Johannisberg waard yn 2006 sekularisearre en tsjinnet tsjintwurdich mei de tsjerke út 1928 as hotel-restaurant.

Stephanshausen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Sint-Michaeltsjerke fan Stephanshausen datearret fan de 17e en 18e iuw.

Marienthal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster Marienthal giet werom op in mirakuleuze genêzing fan de bline jager Hecker Henn yn 1309. Ynearsten waard in kapel boud, mar fanwegen it grutte tal pylgers waard de kapel yn 1326 troch in gruttere tsjerke ferfongen. It kleaster wurdt bewenne troch Fransiskaanske bruorren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.