Rheinbay
Rheinbay | ||
Sint-Sebastiaantsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Stedsyndieling | Boppard | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 209 (2020) | |
Oar | ||
Postkoade | 56154 | |
Koördinaten | 50° 10'N 7° 37'E | |
Kaart | ||
Rheinbay is it lytste plak yn de gemeente Boppard yn de Rhein-Hunsrück-Kreis yn de de Dútske dielsteat Rynlân-Palts . Oant de weryndieling op 31 desimber 1975 wie Rheinbay in selstannige gemeente.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rheinbay is ien fan de tsien Ortsbezirken fan de stêd Boppard. It Ortsbezirk Rheinbay wurdt polityk troch in Ortsbeirat en in Ortsvorsteher fertsjintwurdige.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rheinbay waard foar it earst yn it jier 1114 as Beie neamd. Yn de midsiuwen wie Rheinbay ûnderdiel fan de fâdij Nieder-Hirzenach.
Yn it ramt fan de sekularisaasje waard Rheinbay yn 1798 by de Marie Boppard yndield. Nij de befrijing folge yn 1816 ynearsten de yndieling by de Prusyske boargemasterij Boppard, mar al yn 1817 in weryndieling by de boargemasterij Sankt Goar. Yn it ramt fan de weryndielingen yn Rynlân-Palts yn de jierren 1970 kaam Rheinbay by de ferbânsgemeente Boppard. De ferbânsgemeente Boppard waard yn 1975 omset yn in stedsgemeente.
Yn it jier 1897 waard in tsjerke boud yn Rheinbay, de neoromaanske sealtsjerke Sint-Sebastiaan, in filiaaltsjerke is fan de Sint-Bartolomeus yn Hirzenach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|