Hirzenach

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hirzenach
Hirzenach am Rhein.jpg
Sifers
Ynwennertal 283 (30.06.2015)
Hichte 152 meter boppe seenivo
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
Landkreis Rhein-Hunsrück-Kreis
Stedsyndieling Boppard
Oar
Postkoade 56154
Koördinaten 50° 10' 40" N 7° 38' 35" E

It doarp Hirzenach leit op de linker kant fan de Ryn en is ien fan de tsien sahjitten Ortsbezirken fan de stêd Boppard. Sûnt 31 desimber 1975 kaam der in ein oan it bestean fan it doarp as selstannige gemeente en waard it by de stêd Boppard foege.

Hirzenach leit tusken de plakken Sankt Goar en Bad Salzig. It leit sintraal yn it UNESCO-wrâlderfskip "Midden-Ryndelte", in streek dy't ferneamd is fanwegen de kastielen, histoaryske stêden en wynbou. Foar toeristen binne der yn 'e omkriten fan it doarp tal fan kuierpaden troch de natuer oanlein. It plak leit oan it spoar en hat in stasjon.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan it doarp is nau ferbûn oan de stifting fan in kleaster. Yn it begjin fan de 12e iuw waard troch keizer Hindrik V in lape grûn oan de Benediktynske abdij fan Siegburg oerdroegen. Dêrby waard de opdracht jûn om der in kleaster op te stiftsjen.

Yn 1802 kaam der as gefolch fan de sekularisaasje in ein oan it bestean fan it kleaster. Fan it kleaster tsjûget hjoeddedei noch de foar 1110 boude en yn ferhâlding ta it doarp grutte romaanske tsjerke, dy't wijd is oan de apostel Bartoloméus en tsjintwurdich de parochytsjerke is fan it yn mearderheid roomske doarp.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]