Rendert Algra
Rendert Hylke Algra (Snits, 5 oktober 1963) is in politikus fan Frysk komôf. Hy wie fan 26 july 2002 oant 30 novimber 2006 en fan 1 septimber 2009 oant 17 juny 2010 lid fan de Twadde Keamer foar it CDA. Sûnt 1 juny 2010 is hy foarsitter fan de fakbûn De Unie. Algra hinget it protestantske leauwe oan en is sûnt 1 maaie 1985 lid fan it CDA. Hy wennet yn Jobbegea.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rendert gie nei de protestantsk kristlike legere skoalle yn Kûbaard. Oanslutend folge hy de havo en it ateneum oan it J. Brugman Kolleezje yn Boalsert, dêr’t hy yn 1982 syn ateneumdiploma helle. Fan 1983 oant 1984 folge hy lessen oan de hegere lânbouskoalle fan Amsterdam, mar hy soe de oplieding net ôfmeitsje. Fan 1985 oant 1987 folge hy de polysje-oplieding yn Amsterdam.
Fan 1 april 1982 oant 1 juny 1983 wie hy meiwurkjend foarman by in melkfeehâlderij, fan 1 febrewaris 1984 oant 1 augustus 1985 selsstannich judolearaar yn Wommels en Dronryp en fan 1 april 1985 oant 1 jannewaris wie hy plysjeman yn Amsterdam. Dêrnei gie hy oan de slach by it CNV, dêr’t er ferskate funksjes hân hat.
Fan 1 april 1990 oant 12 april 1994 wie hy foar it CDA lid fan de dielgemeenterie Amsterdam-Westerpark. Ek foar it CDA wie hy fan 1 april 1998 oant 1 jannewaris 2003 lid fan de gemeenterie fan It Hearrenfean. By dizze ôfdieling fan it CDA wie hy fan 1995 oant 1998 al bestjoerslid en yn de gemeenterie wie hy de fraksjefoarsitter fan syn partij.
Dêrneist hat Algra yn it ferline ferskate bestjoersfunksjes hân by stichtingen en semi-oerheidsorganen. Yn de Twadde Keamer hâldt Algra him dwaande mei plysje, maresjessee, startersbelied, konsumintebelied en ESF-subsydzjes.
As ienige fan syn fraksje stimde Algra yn 2003 foar in moasje dy’t in regeling ynhâlde foar útprosedearre asylsikers dy’t lange tiid yn Nederlân bleaunen. Dêrneist stimde hy yn 2005 as ienige fan it CDA foar in moasje-Kant oer in registraasjesysteem foar orgaandonors, dat earder noch ien fan de kearnpunten fan it CDA wie. Beide stimmingen lieden ta kommoasje binnen de partij, wêrtroch't hy by de Twadde Keamerferkiezings fan 2006 op nûmer 54 fan de CDA-list kaam te stean. Mei it biedwurd “Kies in Fries” besocht hy noch mei foarkarsstimmen yn de keamer te kommen. Hy krige lykwols net genôch stimmen om dat op te rêden.
Algra hat in ôfskiedsresepsje organisearre op 18 jannewaris 2007, mar troch de tige slimme waarsomstannichheden berikte hy de resepsje net.
Op 1 septimber 2009 kaam hy werom yn de Twadde Keamer foar it CDA, hy waard de opfolger fan Wim van de Camp dy’t nei it Jeropeesk Parlemint gie. By syn ôfskied op 16 juny 2010 as lid fan de Twadde Keamer hat Rendert Algra de keninklike ûnderskieding Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau krigen. De Jobbegeaster is doe foarsitter fan it fakbûn De Unie wurden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk boer
- Frysk judoka
- Frysk politikus
- CDA-politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Frysk fakbûnslieder
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk boer
- Nederlânsk judoka
- Nederlânsk fakbûnslieder
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Snits
- Persoan berne yn 1963