Reimer van Tuinen
Reimer Willem van Tuinen (Seisbierrum, 24 augustus 1916 - Menaam, 29 novimber 2006) wie in túnker en skriuwer. Hy wenne yn Langsweagen en Bitgum.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Tuinen skreau troch Marsman beynfloede fersen Read en grien en proaza, wêryn oantinkens oan ferbliuw yn it Kamp Amerfoart ('Efter it tried', 1946 ûnder de skûlnamme Häftling nû. 10039). It proaza 'Forgetten post' út 1949 giet oer in fersetsman yn in groepke saboteurs, sûnder nammen, sober en relativearjend, sûnder heldhaftigens oer it ferset beskreaun. Soks waard destiids net folle dien. Syn poezij publisearre hy ûnder de skûlnamme Willem de Jong yn de earste jierren nei de oarloch yn De Tsjerne. De gedichten waarden bondele yn Read en Grien ( 1951 ) yn de Reiddomp-rige. Se wienen mankelyk en relativearjend fan toan.
Dêrnei skreau er in skoftlang net safolle. Yn 1970 wûn er mei it ferhaal Skrael Earesalút de provinsjale priisfraach foar proaza en poezij oer de oarloch. As redakteur fan De Strikel yn de jierren 1970-1985 hie Van Tuinen in twadde perioade fan literêre aktiviteit. Hy skreau in grut tal koarte stikken oer ferskate ûnderwerpen mei in kombinaasje fan iroany en persoanlike belutsenheid. In blomlêzing hjirút ferskynde yn 1979 ûnder de titel It lân is uzes meielkoar en by syn 90ste jierdei yn de lytse blomlêzing Myn moaiste fersetsje - de útdrukking dy't fan Tuinen brûkte foar syn wurk foar De Strikel.
Yn 2021 ferskynde der in werútjefte fan Efter it tried, mei in ynlieding fan Elske Schotanus, mei de titel Efter it tried - Kampsketsen út Amersfoort.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|