Springe nei ynhâld

Reade slob

Ut Wikipedy
reade slob

Jerk.

Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai slobeinen (Spatula )
soarte
Spatula platalea
Vieillot, 1816
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De reade slob of reade slobein (Spatula platalea syn.: Anas platalea) is in fûgel út 'e famylje einfûgels Anatidae. Vieillot beskreau yn 1816 de soarte foar it earst wittenskiplik.

Reade slobben binne de lytste einen fan it skaai. Folwoeksen fûgels binne 45 oant 56 sm lang, se wege 523 oant 608 gram en ha in spanwiidte fan 66 oant 73 sm. De ein hat in leppeleftige, brede snaffel.

Reade slobben hawwe in útsprutsen seksueel dimorfisme. Wyfke ha oer it generaal in brúngiele basiskleur mei swartbrune ôftekenings op it fearrekleed. Jerken hawwe in ljochtbrúne oant grize kop mei in swart linepatroan en syn bealchje is readbrún mei donkerbrúne flekjes. De fûgel hat in griene spegel, ljochtblauwe boppedekfearren en in brede sturt.

De fûgels ite krûden, gers, wetterplanten, grienwier en seegers. Ek ite se lytse wringeleaze dierkes. De bek fan reade snaffeleinen ha fine lamellen, dy't brûkt wurde om lytse itersresten mei út te seevjen.

Aaien.

In lechsel bestiet út likernôch 7-8 aaien, dy't nei 25-26 dagen útbret wurde. Jongen kinne nei 40 oant 45 dagen útfleane.

De reade slob komt yn it suden fan Súd-Amearika foar, benammen yn Sintraal-Sily en súdlik Brazylje, oant Fjoerlân en súdlik Perû. De fûgels binne foar in part trekfûgels. De measte súdlike fûgels fleane foar it winterseizoen nei it noarden.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige beskôpe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Red shoveler