Springe nei ynhâld

Einfûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anatidae)
einfûgels
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift: echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje: goesfûgels (Anatoidea)
famylje: einfûgels (Anatidae)
Leach, 1819

De einfûgels (Anatidae) binne in famylje yn it skift fan de goeseftigen (Anseriformes), mei dêryn de einen, guozzen, swannen en hast alle wetterfûgels dy't dêr op lykje.

Einfûgels hawwe allegear in wat plotsich lichem en koarte poaten. De fûgels binne oanpast oan it swimmen, it driuwen op it wetter, en foar guon soarten ek oan it dûken yn ûndjip wetter. Einfûgels hawwe swimfluezen oan harren poaten, en hawwe platte snaffels. Se bringe in waakseftige stof oan op harren fearren, sa't wetter dêr net troch kringe kin.

Utsein op Antarktika komme einfûgels oeral op 'e wrâld foar. Ferskate einfûgels binne holden as sierfûgels, foar de aaien of it fleis, mar fral ek foar de fearren. Dêrtroch binne by guon soarten njonken in wylde ûndersoart ek ien as mear nuete ûndersoarten ûntstien.

Ut DNA-ûndersyk docht bliken dat einfûgels net fier ôf stean fan 'e Neornithes, de mienskiplike âldfaar fan alle fûgels.

Wylst der gjin diskusje is oer hokfoar fûgels krekt ta de einfûgels rekkene wurde moatte, is der al in soad te dwaan oer hokfoar soarten krekt ta hokfoar skaaien hearre. Ek yndielings yn ûnderfamyljes kinne grutter ferskillen hawwe. De neikommende list is dêrmei mar ien mooglike yndieling yn skaaien; oare ynsichten kinne ta oare risseltaten liede.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Einfûgels fan Wikimedia Commons.