Springe nei ynhâld

Readboarstkroando

Ut Wikipedy
readboarstkroando
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai kroandowen Goura
soarte
Goura scheepmakeri
Finsch, 1876
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
ferspriedingsgebiet (read) fan 'e readboarstkroando.

De readboarstkroando of Scheepmakers kroando (Goura scheepmakeri) is mei in lingte fan 66–74 sm en in gewicht fan 2,5 kg ien fan 'e grutste fertsjintwurdigers fan 'e famylje dofûgels (Columbidae). De soarte komt allinne yn in relatyf lyts gebiet fan Nij-Guineä foar.

De readboarstkroando wurdt fan 'e IUCN as kwetsber klassifisearre. Der binne gjin ûndersoarten fan bekend.

Lykas alle kroandowesoarten is de readboarstkroando in grutte, kompakte do. De readboarstkroando hat lykas de oare soarten fan it skaai ek 16 ôfrûne sturtfearren. De do hat gjin stútklier en gjin gallepûde. Tusken wyfkes en mantsjes is hast gjin ferskil, mantsjes binne allinne in lyts bytsje grutter as de wyfkes.

Readboarstkroando.

De foarholle, de krún en de nekke binne blaugriis. De fearren fanôf healwei de krún oant de nekke foarmje in kroan. De fearren om it each en tusken it each en de snaffel binne swarteftich oant donkerblaugriis as in soarte fan masker. Efter yn 'e hals binne de fearren donker blaugriis, dy't yn in laaigriiskleurige mantel oergiet. De lytse dekfearren fan 'e wjukken binne donkerblaugriis mei kastanjebrune seamen. De grutte dekfearren binne dêrfoar oer wyteftich en dêrtroch ûntstiet in opfallende wite spegel op 'e wjukken. De rêch is blaugriis en giet oer yn in donkerder, by guon fûgels hast swarte stút en boppesturt oer. De sturtfearren binne donker blaugriis mei in ljochtgrize seame.

It kin, de kiel en by 't ear is de fûgel blaugriis, dat nei it hegere diel fan 'e hals yn in donkerder wurdt. It boarst is kastanjebrún. De búk en de stút binne blaugriis oant swart en de fearren fan 'e ûnderkant fan 'e sturt binne swarteftich mei in wat bleke bân op it ein. De eachring is swartgriis, de poaten binne oranje en de teannen griis. De readboarstkroando hat in ljochtblauwe snaffel.

De readboarstkroando komt allinne yn it súdeastlike diel fan it eilân Nij-Guineä foar en libbet dêr yn 'e tropyske reinwâlden.

Readboarstkroandowen libje yn lytse groepen fan meast trije oant sân fûgels. Ut en troch binne der lykwols ek wol groepen oant 30 yndividuën sjoen. Se bewege stadich op 'e grûn mei in karakteristyk wippen fan 'e sturt. Foar oare fûgels en bisten oer meitsje se yndruk troch de fearren op te setten.

Readboarstkroandowen sykje beien en fruchten op 'e grûn. Nachts sykje se tegearre in plak heger yn 'e beammen. By gefaar fleane se op en sykje se ek in plak yn 'e beammen. De fûgels wurde likernôch 7 jier âld.

It nêst wurdt yn 'e beammen op in hichte fan likernôch 15 meter boud. Yn finzenskip begjint it wyfke foar it earst mei brieden as hja 15 moanne âld is. It lechsel bestiet út mar ien aai en de pyk wurdt troch beide âlders fersoarge.

Readboarstkroandowen wurde troch it ferlies fan biotoop troch houtkap, yllegale jacht en it sammeljen troch fûgelleafhawwers bedrige. Foar it behâld fan 'e fûgel is útein set mei wittenskiplike ûndersyk oer it biotoop om mei de útkomsten dêrfan beskermingsgebieten en oare maatregels te koördinearjen. Yn ferskillende dieretunen wurdt de soarte yntusken mei sukses fokt.

Kroandowen waarden nei alle gedachten al yn 'e 17e iuw yn Nederlân ynfierd. De readboarstkroandowen waarden foar it earst mei sukses yn Londen fokt, sa'n 50 jier letter as de besibbe kroando, dy't al yn 1850 mei sukses yn Londen, Rotterdam en Parys fokt waard. Readboarstkroandowen binne hjoed-de-dei net mear yn Europeeske dieretunen te finen. Hjoed-de-dei binne Scatlers kroandowen yn 'e Europeeske dieretunen te sjen, dy't tsjintwurdich as in aparte soarte beskôge wurdt. Kroandowen binne ferdraachsume fûgels, sadat yn grutte tropyske hallen meardere pearkes holden wurde kinne mei oare, ek lytsere fûgels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fächertaube (ferzje 14 april 2024)