Kroando

Ut Wikipedy
kroando
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai kroandowen Goura
soarte
Goura cristata
Pallas, 1764
IUCN-status: kwetsber

De kroando (Goura cristata) is in dofûgel, dy't yn it west fan it eilân Nij-Guineä libbet.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kroando liket op de waaierdo en de readboarstkroando, dy't ta itselde skaai hearre, mar de kroando hat in blaugriis boarst, wylst de fearren fan 'e oare twa soarten dêr kastanjebrún binne. De waaierfearren op 'e kop fan 'e waaierdo binne boppedat donkerblau, dy't spatelfoarmich einigje yn in wite kleur.

Kop fan 'e kroando.

De kroando wurdt likernôch 80 sm lang en hat in gewicht fan sa'n 2,5 kg. It is in rêstige fûgel, dy't fral op 'e grûn libbet en dêr't er sied, fruchten en beien siket. Alhoewol't de fûgel fleane kin, docht er dat hast nea. De fearren binne meast blau mei donkere wjukken. Opfallend is de waaierfoarmige rige fearren op 'e krún.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lechsel fan 'e kroando bestiet út ien aai, dat yn fjouwer wiken útbret wurdt. De jonge fûgel ferlit it nêst nei in moanne en wurdt dan noch likernôch oardel moanne fuorre en grutbrocht. Kroandowen kinne âld wurde. As se mear as 20 jier âld binne, kinne se mei sukses yn finzenskip lechsels grutbringe. Der binne meldings fan kroandowen dy't mear as 40 jier âld woarn binne.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kroando libbet yn it west fan 'e Yndonezyske provinsje Papûa yn sompen en boskrike plakken en heuvellânbosken oant op in hichte fan 350 m boppe de seespegel, fral op it skiereilân Vogelkop en op guon eilannen west fan Nij-Guineä, lykas Misool, Waigeo, Salawati en Batanta. De kroando komt ek op Seram foar, it ien nei grutste eilân fan 'e Molukken, mar dêr is de fûgel hast mei wissichheid yntrodusearre.

Oant yn 'e 20e iuw wie de kroando in algemien foarkommende fûgel. Op it fêstelân fan Nij-Guineä en op 'e eilannen Salawati en Seram komt de fûgel lokaal noch algemien foar, mar op Batanta en op guon plakken yn West-Papûa is de fûgel útroege.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kroando yn 'e dieretún fan Barcelona.

De grutte fan 'e populaasje wurdt op 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels rûsd.[1] Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan kwetsber. Der wurdt jage op 'e fûgel, alhoewol net safolle as op 'e oare soarten kroandowen op Papûa-Nij Guineä.

Dêrnjonken bestiet der yllegale hannel om't kroandowen as sierfûgels tige populêr binne. Kroandowen stellen as sierfûgel lykwols hege easken en ha teminsten in 20 m² ferwaarme romte nedich. Fierder wurdt de fûgel troch biotoopferlies as gefolch fan houtkap en de oanlis fan diken foar de eksploitaasje fan hout en mineralen it biotoop bedrige. It ûntsluten fan it biotoop fan 'e do makket it gebiet dêrnjonken ek nochris tagonklik foar streupers. De kroando falt ûnder it Ferdrach foar Ynternasjonale Hannel yn Bedrige Soarten fan Wylde Bisten en Planten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kroonduif (vogel) (ferzje 14 april 2024)