Springe nei ynhâld

Kroandowen

Ut Wikipedy
Kroandowen
Fiktoaria kroando
Fiktoaria kroando
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dowen (Columbidae)
skaaikroandowen (Goura)
Stephens, 1819

Kroandowen (Goura) foarmje in skaai yn 'e famylje fan 'e dowen (Columbidae). It skaai bestiet út fjouwer soarten. De kroandowen hearre ta de grutste dowesoarten fan 'e wrâld. It skaai waard foar it earst beskreaun troch James Francis Stephens yn 1819.

De fjouwer soarten fan it skaai libje allegear op Nij-Guineä en op in pear eilannen west fan Nij-Guineä. De leefgebieten fan 'e ferskillende soarten oerlaapje inoar net. Alle soarten wurde troch de IUCN as kwetsber of gefoelich (hast bedrige) klassifisearre.

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFersprieding
Goura cristataKroandonoardwestlik Nij-Guineä
Goura scheepmakeriReadboarstkroandosúdeast Nij-Guineä
Goura sclateriiSclaters kroandosuden fan Nij-Guineä
Goura victoriaWaaierdonoarden fan Nij-Guineä
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kroando fan Wikimedia Commons.