Springe nei ynhâld

Waaierdo

Ut Wikipedy
waaierdo
Waaierdo yn 'e dieretún fan Jeruzalim.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai kroandowen Goura
soarte
Goura victoria
Fraser, 1848
IUCN-status: hast bedrige

De waaierdo of Fiktoariakroando (Goura victoria) is in dofûgel út it skaai kroandowen (Goura). It is ien fan 'e fjouwer kroandowesoarten. De oare trije binne de kroando, de readboarstkroando (ek: Scheepmakers kroando) en de Scatlers kroando.

Waaierdowen wurde al sûnt 1848 yn dieretunen holden. Europeeske dieretunen wurkje oan in fokprogramma foar it behâld fan 'e soarte, dy't troch IUCN as hast bedrige klassifisearre wurdt. Yn dieretunen slagget de fok hjoed-de-dei regelmjittich.

Waaierdowen wurde oant 74 sm lang en wege 2,5 kg en dêrmei heart de soarte ta de grutste en swierste, hjoeddedei noch foarkommende dowesoarten. Der bestiet gjin geslachtsdimorfisme.

Kop fan 'e waaierdo yn it fûgelpark Walsrode.

Typysk foar de soarte binne de fearren op 'e kop, dy't in waaier foarmje. De waaierfearren hawwe oan it ein in wite seame en wurde dêr spatelfoarmich. Fierder binne de fearren lykas by de oare kroandowen. De boppebealch en de flanken binne donker griisblau. De sturtfearren hawwe oan 'e ein in ljochte flek. Waaierdowen hawwe in donkergrize snaffel en de iris fan 'e grutte eagen is read. De poaten fan 'e fûgel binne lang en krêftich. Lykas dat foar it skaai karakteristyk is, hat ek de waaierdo in rûne sturt mei 16 fearren, gjin stútklier en gjin gallepûde.

Waaierdowen komme yn twa ûndersoarten op Nij-Guineä foar. Se libje yn sompen, gebieten dêr't sagopalmbeammen groeie en ek drûge bosken. De waaierdo is in grutte en swiere fûgel, mar hy kin fleane en as er him bedrige fielt siket er it hegerop yn 'e beammen. Fierder libbet de waaierdo fral op 'e grûn yn pearkes of yn lytsere groepkes. It ferspriedingsgebiet fan 'e waaierdo oerlapet net mei oare soarten kroandowen.

It iten fan waaierdowen bestiet út sied, fruchten en ynsekten.

Briedende waaierdo yn é dieretún fan Barcelona.

Waaierdowen hawwe harren nêst yn beammen. It bestiet út twigen en blêden en is stabiler as de foar de dowen karakteristike suterige nêsten. It lechsel bestiet út mar ien aai, dat yn 28 dagen útbret wurdt.

De waaierdo hat twa ûndersoarten:

  • Goura victoria victoria op 'e eilannen Japen en Biak.
  • Goura victoria beccarii yn noardlik Nij-Guineä.

Hoefolle waaierdowen der binne is net bekend. Neffens de IUCN is de waaierdo in hast bedrige soarte, om 't der bot jage wurdt op 'e fûgel en dêrom nei alle gedachten yn oantal ôfnimt.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fächertaube (ferzje 14 april 2024)