Reünionibis
Reünionibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Hypotetyske rekonstruksje fan 'e fûgel op basis fan âlde beskriuwings, fossile resten en besteande besibbe fûgels. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Threskiornis solitarius | ||||||||||||
Selys, 1848 | ||||||||||||
IUCN-status: útstoarn | ||||||||||||
De Reünionibis (Threskiornis solitarius) is in yn it begjin fan 'e 18e iuw útstoarne fûgelsoarte út it skaai hillige ibissen (Threskiornis) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1848 troch Edmond de Selys-Longchamps publisearre as Apterornis solitarius.
De fûgel wie op it fulkanyske eilân Reünion yn 'e Yndyske Oseaan endemysk. Skilderijen fan wite dodo's en berjochten út dy tiid oer de 'iensume fûgel' (oiseau solitaire) ha heechstwierskynlik betrekking op 'e fûgel. Dêrfandinne hat de fûgel ferskillende synonimen krige: Raphus solitarius, Victoriornis imperialis, Apteronis solitarius, Ornithaptera borbonica, Pezophas borbonica, Didus apterornis en Borbonibis latipes.
Yn 1974 binne foar it earst fossilen fan 'e fûgel fûn. Dy ha oanlieding jûn om de fûgel om te neamen ta in ibis. De meast besibbe fûgels binne de Madagaskaribis, de hillige ibis en de striehalsibis.
Betizing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomyske skiednis fan 'e Reünionibis is kompleks fanwegen it dûbelsinnige bewiismaterial dêr't wittenskippers oant de jierren 1980 oer beskikten. Fan 'e fûgel wiene gjin resten mear en de eardere ferûnderstelling dat it om in wite dodo gie hie te meitsjen mei de seldsume beskriuwings út dy tiid dy't gjin unifoarm byld fan 'e fûgel joegen en de skilderijen fan wite dodo's fan 'e Nederlânske skilders Pieter Withoos (1657-1692) en Pieter Holsteyn de Jongere (1614–1673).
De wite dodo fan Roelant Savery. | De wite dodo fan Pieter Withoos. | De wite dodo fan Pieter Holsteyn. |
De Ingelske ofsier John Tatton wie de earste, dy't yn 1625 in aparte wite fûgel op Reünion waarnaam. Yn 1646 besetten de Frânsen it eilân en dy neamden dy fûgels Oiseaux Solitaire, fanwegen it feit dat se bot op harren sels wiene. De Frânske ûntdekker François Leguat brûkte de namme Solitaire foar de oan 'e dodo besibbe Rodrigues solitaire, dy't er yn 'e jierren 1690 op it tichtebylizzende eilân Rodrigues tsjinkaam, mar der wurdt tocht dat er de namme fan in traktaat fan markys Henri Duquesne út it jier 1689 oernommen hie, die de soarte fan Reünion neamde. De beskriuwing fan Duquesne wie nei alle gedachten wer basearre op in âldere beskriuwing.
De iennige boarne út dy tiid dy't spesifyk nei de namme dodo fan Reünion ferwiisde, wie de Nederlânske seeman Willem Ysbrandss. Bontekoe, al neamde hy de kleur fan 'e fûgel net. Bontekoe's skip fergie yn 1618 by Reünion en gie yn 1625 werom nei Nederlân, mar publisearre syn rapport pas yn 1646.
Keunsters dy't de fûgel skilderen lieten har ynspirearje op in ôfbylding fan in wite dodo fan Roelant Savery út 1611. De skilderijen en de beskriuwing fan Willem Bontekoe en it oant 1974 gemis oan resten fan 'e fûgel foar ûndersyk, late ta de ferûnderstelling dat op Reünion in wite dodo bestien hie. Nei't ferskillende resten fan 'e fûgel fûn binne, waard algemien erkend dat it om in ibissoarte gie. Fan in dodo binne nea resten fûn en de wite dodo hat dêrom mei de measter wierskynlikheid nea bestien.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frânske ferslaggen beskreaune de fûgel as in goes sa grut, mar dan op lange poaten. Ek hie de fûgel in lange nekke. De wite fearren wiene glânzgjend en rûnen ut yn grize en giele tinten. De snaffel, poaten en einen fan 'e fearren wiene swart.
Neffens de fossilen hie de Reünionibis oars as oare ibissoarten in frije koarte snaffel sûnder kromming. It skelet wiist op in robúste fûgel mei in lingte fan likernôch 65 sm.
Oer de fraach of de fûgel fleane koe, binne boarnen út de tiid dat de fûgel noch libbe net ienriedich. De paleo-ornithologe Cécile Mourer-Chauviré lei dy tsjinstridichheid út mei de tese dat de Reünionibis mooglik in tydlik fermogen om te fleanen hie: yn 'e waarme tiid wiene de fûgels slank, mar yn 'e koele tiid sloegen de fûgels in soad fet op, sadat se te swier wiene om te fleanen. Neffens oaren is der lykwols gjin bewiis dat de Reünion lykas de measte oare fûgels fan Reünion ek in fetsyklus hiene. De iennige boarne oer it iten fan 'e fûgel is dy fan 'e Frânske kartograaf Jean Feuilley út 1708, dy't skreau dat de fûgel sa grut as in middelgrutte kalkoen wie, griis en wyt en wjirms iet. Dat wie tagelyk ek de lêste befêstiging dat de fûgel noch net útstoarn wie.
It iten en de manier hoe't de fûgel syn iten socht, wurdt troch Feuilley beskreaun lykas ibissen dat dogge, wylst dodo's fral op fruchten libben. De soarte waard troch Dubois as lânfûgel omskreaun, wylst ibissen yn 'e regel yn wiete gebieten foarkomme. Nei alle gedachten ha de earste ibissen op Reünion harren oan 'e omstannichheid oanpast dat der doe noch gjin sompen wiene.
Berjochten fan besikers oan Reünion tsjutte der op dat de soarte yn 'e buert fan de oanlisplakken fan skippen waarnommen waard. Sûnt 1667 hiene de fûgels har al weromlutsen yn 'e minder tagonklike gebieten. Mooglik libben yn 'e jierren 1670 noch eksimplaren yn it eastlike leechlân. Alhoewol't in soad 17e-iuwske fermeldings skriuwe dat de fûgel goed te iten wie, skreau Feuilly dat it fleis fan 'e fûgel net smakke. Dat kin ek lizze oan 'e feroaring fan it ytgedrach fan 'e fûgel, nei 't dy twongen waard om him op 'e rûge hichten fan it eilân werom te lûken om sa de bargen te mijen dy't de nêsten ferneatigen. Om't de fûgel beheind wie yn it fleanen wurdt der fanút gien dat de fûgels harren nêst op 'e grûn hiene.
Fossilen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant fier yn 'e 20e iuw bleau de ferûnderstelling oerein dat it by de solitaire'om in dodosoarte gyng, ek al binne fan in dodo op Reünion nea bonken fûn. .
Mei't der yn 1974 fossilen fan in ibis op it eilân fûn waarden, kaam dêr in ein oan. Ynearsten tochten se dat de fynst fan in middenfoet fan in nije soarte earrebarre west hie. Yn 1987 waard op basis fan 'e fynst fan in twadde middenfoet de soarte Borbonibis latipes beneamd. Yn 1995 rapportearre in Frânske ekolooch syn ûntdekking fan in ûnderkake fan in fûgel by in opgraving op Reünion in jier earder, en hy stelde út dat dy mooglik fan in ibis of fan 'e solitaire wie.
Yn 1995 stelden de beskriuwers fan Borbonibis latipes út dat it de Réunion solitaire fertsjintwurdige. Se wiisden it ta oan it ibisskaai Threskiornis, no kombinearre mei de soartenamme solitarius út de binominale namme fan De Sélys-Longchamps út 1848 foar de "solitaire". De beskriuwers wiisden der op dat de doetiidske Frânske beskriuwings fan 'e fûgel net goed by in grutte do-eftige fûgel pasten, mar mear by in ibis, fral fanwegen de relatyf koarte en rjochte ûnderkake. Dêrnjonken soe it ek hiel nuver wêze dat, nettsjinsteande de talrike ibisresten dy't op guon plakken op Reünion fûn waarden, gjin inkele skriuwer út dy tiid it bestean fan dy relatyf talrike ibis neamde, wylst hja wol fûgels neamden dy't letter allinne út fossilen bekend waarden.
It fulkanyske eilân Reünion is trije miljoen jier âld. Mauritius en Rodrigues, dêr't de dodo foarkaam, binne acht oant tsien miljoen jier âld. It is dêrom net wierskynlik dat Reünion fanút dy eilannen kolonisearre waard troch fûgels, dy't net fleane koene.
Trije miljoen jier soe foar in fûgel genôch wêze kinne om it fleanfermogen foar in grut part of hielendal te ferliezen. Sokke soarten soene lykwols tusken 300.000 en 180.000 jier lyn by de útbarsting fan 'e fulkaan Piton des Neiges op Reünon útroege wêze. De measte moderne soarten op it eilân stamme dêrom wierskynlik ôf fan bisten, dy't it eilân nei de útbarsting fanút Afrika of Madagaskar op 'e nij befolken en dat is te koart om it fleanen te ferliezen.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei't it eilân kolonisearre waard, socht de Reünionibis syn taflecht nei de berchtoppen. Ynfierde rôfdieren lykas katten en rotten easken in soad slachtoffers ûnder de fûgels. Op 'e fûgel waard neffens ferslaggen út dy tiid foar it fleis jage. Yn 1625 beskreau John Tatton hoe nuet de fûgel wol net wie en hoe maklik it bist te deadzjen wie en de fûgel yn grutte oantallen opiten waard. Yn 1671 skreau Melet dat gewearen net iens nedich wiene, de fûgels wiene sa nuet, dat in stok of in stien genôch wie om se dea te slaan.
It lêste ferslach fan 'e Solitaire fan Reünion wie fan Feuilley út 1708. Dêryn skreau er dat de fûgel nei alle gedachten oer net lange tiid útstjerre soe. De lêste fûgels lutsen harren nei alle gedachten nei hegere gebieten mear it ynlân yn werom, dêr't harren nêsten feilich foar de bargen wiene. Oannommen wurdt dat de ibis tusken 1710 en 1715 útstoar.
Mei de Reünionibis binne noch in grut tal oare fûgels op it eilân útstoarn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op [:de:Réunionibis]
|