Ratteljende Tekken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ratteljende Tekken
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tasina Hlahlawin
oare namme Rattling Blanket
Rattling Blanket Woman
berne 1814
stoarn 1844
etnisiteit Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota- (Sioux)
wurkpaad
reden
  bekendheid
mem fan it opperhaad
   Mâl Hynder

Ratteljende Tekken (Lakota: Tasina Hlahlawin, útspr.: [ta'sina hla'hlawin]; Ingelske oersetting: Rattling Blanket of Rattling Blanket Woman; 18141844) wie in frou fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hja wie de mem fan it ferneamde opperhaad Mâl Hynder (Crazy Horse).

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ratteljende Tekken waard nei alle gedachten yn 1814 berne as de dochter fan it opperhaad Swarte Bizon en dy syn frou Wite Ko. It Minnikonzjû-opperhaad Inkele Hoarn wie har broer. Se troude mei Mâl Hynder de Aldere, en brocht yn 1837 in dochter te wrâld, Sjocht-nei-Har, en wierskynlik yn 1840 in soan, Mâl Hynder. Yn 1844 holp Mâl Hynder de Aldere, wylst er op jacht wie, by it ferdigenjen fan in oar Minnikonzjû-doarp tsjin in oanfal fan 'e Kro (Crow). As tank foar syn help joech de haadman fan dat doarp, Nôt, dy't by de oanfal syn frou ferlern hie, oan Mâl Hynder de Aldere syn beide âldste dochters ta frou: Izer-tusken-de-Hoarnen, dy't 18 jier wie, en Deadet-de-Fijân, fan 17 jier. De jongste dochter, de 15-jierrige Reade Broek, dy't net fan har susters skaat wurde woe, smeke har heit om ek mei Mâl Hynder de Aldere trouwe te meien, en dy stimde dêr yn ta.

Doe't Mâl Hynder de Aldere lykwols fan syn jachtekspedysje thúskaam mei trije nije froulju, miende Ratteljende Tekken, dy't al ferskate jierren net mear swier rekke wie, dat se de leafde fan har man ferlern hie. Dêrop hong se harsels op. Mâl Hynder de Aldere gie doe fjouwer jier yn 'e rou, wylst Ratteljende Tekken har suster, Kreaze Frou, by syn gesin ynloek om Ratteljende Tekken te ferfangen as wiif en mem. It wie Kreaze Frou dy't de jonge Mâl Hynder fierhinne grutbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.