RTV Utrecht

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ynformaasjeboerd by RTV Utrecht

RTV Utrecht, folút Radio Televisie Utrecht is de omrop foar de provinsje en de stêd Utert.

RTV Utrecht ûntstie út in fúzje yn de hjerst fan 2002 tusken Radio M (stasjon foar Midden Nederlân) en Omrop Utrecht RTV (de stedsomrop fan Utert). De omrop hat fjouwer stjoerders: RTV Utrecht, Radio M Utrecht, UStad en Bingo FM. Ek partisipearret RTV Utrecht yn it radiostasjon FunX. It nijsprogramma fan RTV Utrecht op telefyzje hjit U Vandaag.

De omrop wurket mei in soad ferskillende presintators en meiwurkers wêrûnder in oantal lanlik bekende persoanen as de eardere proffuotballer Gert Kruys as fuotbalanalist, sjonger Marco Bakker, aktrise Annette Barlo, radiopresintator Cobus Bosscha, sportsjoernalist René van den Berg, musikus en âld-politikus Henk Westbroek, kabaretiêre Sofie van den Enk en âld-Radio 10 Gold-DJ Peter Holland.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]