U Vandaag

Ut Wikipedy

U Vandaag is it regionaal nijsmagazine fan RTV Utrecht en bestiet sûnt 18 april 2005. It programma wurdt op wurkdagen útstjoerd en beljochtet in nijs fan de ôfrûne dei yn de provinsje Utrert. Op sneon is der in wykoersjoch.

It programma wurdt yn wikseljende duo's presintearre. Op moandei en tiisdei troch Annette Barlo mei Sacharko Broere en de rest fan de wike troch Marjolein Heijen en Maarten Steendam. Fêste ynfallers binne Sofie van den Enk en Mari Carmen Oudendijk.

Yn it neijier fan 2009 waard U Vandaag útwreide mei koarte edysjes yn de moarn en yn de middei. Dy wurde meastal presintearre troch Eva Brouwer, Rob van Dijk of Suzanne Lesquillier.

Ald-presentators fan U Vandaag binne Annechien Steenhuizen, Conny Kraaijeveld, Evelien de Bruijn, Hilde Kuiper, Marc Veeningen, Mariëlle Bakker en Rozemarijn Moggré.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]