Protestantske tsjerke fan Terkaple

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Protestantske tsjerke
Protestanske tsjerke fan Terkaple.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente De Friese Meren vlag.svg De Fryske Marren
plak Terkaple
adres Tsjerkepôle 7
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1854
webside Side fan de gemeente

De protestantske tsjerke fan Terkaple is in tsjerke fan de protestantske gemeente fan Terkaple yn de gemeente De Fryske Marren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1854 boud op it plak fan in kapel fan dowestien. De tsjerke is gjin ryksmonumint, mar yn de tsjerke lizze twa sarken út 1570 en 1610 dy't dy status al hawwe. Ek it hôf dêr't de tsjerke op stiet hat in monumintale status.[1]

Der wurdt sein dat der fan de pleats by de tsjerke in tunnel lein hat, dy't nei de tsjerke liede en ea as flechtgong foar ridders en soldaten tsjinne.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de tsjerke waard yn 1924 troch M. Spiering út Doardt boud.

Restauraasje 2016[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle gedachten troch it ferleegjen fan it polderpeil fersakken de muorren en de flier fan de tsjerke yn de rin fan de tiid sa bot, dat it jimmeroan mear swierrichheden oplevere. Yn 2015 kaam der lang om let jild beskikber foar de restauraasje fan it gebou.[3] Yn 2016 waard útein set mei de restauraasje fan it gebou. Tidens it wurk waard in âlde sark út 1485 fûn fan Tsjepke fan Oenemar mei in opskrift yn it âld-Frysk en Latyn.[4] De banken kamen net werom en ynstee dêrfan kamen der stuollen op de fernijde flier te stean, sadat de tsjerke ek foar konserten brûkt wurde kin.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: