Prix de Joke
Appearance
De Prix de Joke wie in beleaning fan de bêste grap fan it ôfrûne jier, útrikt op 1 april fan it nije jier. De priis op himsels wie in 31sm brûnzen kopy fan de Loeres fan Zandvoort, op in sokkel fan marmer.
De priis waard útrikt troch it Nasjonaal 1-april Genoatskip, fan 1963 ôf. De earst kear wie dit om half alve op it stêdhûs fan Zandvoort. Dêrnei wie der in krânslizzing by de Loeres. Op de ein fan de dei wie der dan in diner mei de winner(s). Yn de rin fan de tiid is lykwols net alles itselde bleaun.
Nei de dea fan Van Tetterode yn 1996, kaam it per slot ta in ein.
Betinksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar grappen dy't faaks prix-wurdich binne, moast in tal fan betinksten jilde:
- It moast orizjineel wêze
- It moast wier grappich wêze
- It moast wier yn de neamde perioade yn Nederlân plak fûn hawwe
- It moast wier útfierd wêze troch de grapmakker
- De grap mocht net kwetse
- Leden fan de sjuery of fan it kommitee koenen de priis net krije.
Takinning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Winners fan de Prix de Joke wienen, ûnder oaren:
- Bert Haanstra foar sy film Alleman. 1964
- Wijnand J. Maat. 1965
- Leden fan Veritas foar it ferwikseljen yn Brunssum by it haadkertier fan de NAFO, fan dy harren flagge foar harren eigenes. 1967
- De kommandant fan Brunssum krige in miniatuer fan de Loeres ta treast.
- Farce Majeur. 1967
- Piet Muyselaar en Willy Walden / Snip en Snap foar harren praktyske humor foar 33 jier. 1970
- Winner moppen-tapperstaptoe, fernikkelde Loeres (brûnzen Loeres fan 11sm op marmer sokkel). 1970
- Theo Dol en Frits Bom foar it blêd Spreek'Buis. 1971 Dit is it ynterne bledsje fan de omroppen yn Hilfertsom.
- Sylvain Poons krige in eare-Loeres. 1972
- NOS foar harren humor yn die. 1972
- André van Duin. 1976
- Jos Brink eare-Loeres foar syn wurk op toniel en tillefysje. 1982
- Martin van Amerongen / Ir. H.A. Schuringa, foar syn "practical jokes". 1982 Van Amerongen wegere de takenning lykwols, om't er net tegearre mei Jos Brink neamd wurde woe.
- Wouter Lap, foar humor yn byld. 1982
- Prins Bernhard, foar syn brede glimp. 1982
- Paul van Vliet. 1985
- Griente- en fruithandel Van Den Berg (Zandvoort) dy't in synapelbeam hie dêr't men fan hearre koe hoe't de synapels waaksen.
- Barry Huges
- John Lanting
- Danny Kaye
Bysûndere takinning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Prins Bernhard, dy't op safaarje in Sebra sjoen hie mei de strepen horizontaal.
In tal priiswinners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bert Haanstra, Simon van Collem rikt him it byldsje út, 1964
-
Miss Zandvoort oerlanget de priis oan Wijnand J. Maat, 1965
-
Piet Muyselaar en Willy Walden (rjochts), 1970
-
André van Duin, 1976