John Lanting

Ut Wikipedy
John Lanting
akteur
John Lanting yn Hadimassa (1967)
John Lanting yn Hadimassa (1967)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Frederik Lanting
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 maart 1930
stoarn 15 augustus 2018 (88 jier)
jierren aktyf 1958-2016
prizen Johan Kaartpriis (1987)
offisjele webside
(in) IMDb-profy
Lanting mei Ingeborg Elzevier yn it tf-spul Nooit gedacht (1961)

Johannes Frederik (John) Lanting (Overveen, 30 maart 1930Breda, 15 augustus 2018) wie in Nederlânsk akteur, regisseur en produsint. Lanting waard benammen bekend om syn Theater fan de Lach. Oant 1996 trede de 'Kening fan ’e klucht' op yn de Nederlânske teaters.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lanting gong nei syn hbs-oplieding reizgjen en wurke ûnder oare yn Frankryk, Spanje en Marokko. werom yn Nederlân wurke er as toanielknecht yn 'e Haarlimske skouboarch en letter as gids op rûnfeartbooten yn Amsterdam. Yn 1956 studearre er ôf oan de Toanielskoalle yn Amsterdam. Yn 1958 hie er in lytse rol yn de tf-film Cesare fan Willy van Hemert. Oant 1964 spile er by it Rotterdamsk Toaniel. Dêrnei debutearre er yn 'e solofoarstelling De Aap fan Franz Kafka, in toanielstik dat er oant yn Japan ta spile.

Yn 1972 begûn Lanting as teaterprodusint, yn 'e mande mei Jacques Senf, fan it Theater van de Lach. Bekende komeedzjes dy't Lanting brocht wiene Nee Schat nu niet, In de kast op de kast, In kus van een Rus en Een trouwring mag niet knellen. Syn trochstrings hilaryske shows waarden troch de TROS yn de jierren '70 en '80 op 'e telefyzje útstjoerd. Ek spile Lanting rollen yn telefyzjerigen lykas M'n broer en ik (1967-1969) en Hamelen. Yn dy lêste fertolke er de rol fan amtner Ogterop Deux. Yn 1974 wie er te sjen yn De vloek van Woestewolf.

Yn 1987 ûntfong Lanting de Johan Kaartpriis. Dêrnei joech er lêzingen en brocht it boek En clown zou ik worden út.

Lanting wie de lêste pear jier fan syn libben siik en stoar yn de âldens fan 88 jier.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: