Klucht

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Op it mêd fan toaniel is in klucht in komeedzje dy't derop rjochte is om it publyk te fermeitsjen mei brike sitewaasjes dy't tige oerdreaun en dêrom ûnwierskynlik binne. Soksoarte toanielstikken binne faak tige betiizjend fan opbou, wat feroarsake wurdt troch de withoefolle draaien dy't oan it ferhaal jûn wurde en de willekeurige foarfallen dy't deryn ferwurke sitte. It is lykwols ek net de bedoeling dat de taskôgers de plot folgje, mei't dy fan ûndergeskikt belang is. Kluchten wurde faak ek karakterisearre troch fysike humor (in iere foarm fan slapstick, soe men sizze kinne) en dêrnjonken troch it gebrûk fan mei sin absurde foarfallen en motiven, en optredens fan 'e akteurs dy't oer it algemien foar in part stylearre binne. Fierders is in klucht sitewearre op ien en deselde lokaasje, dêr't alle foarfallen plakfine.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.