Springe nei ynhâld

Johan Friso fan Oranje-Nassau fan Amsberg

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Prins Johan Friso)
Prins Johan Friso
Foto RVD
Mei de frou by It Loo

Johan Friso Bernhard Christiaan David, prins fan Oranje-Nassau, greve fan Oranje-Nassau,[1] jonkhear fan Amsberg[2] (Utert, 25 septimber 1968De Haach, 12 augustus 2013) wie de twadde soan fan Keninginne Beatrix en prins Claus.

Prins Johan Friso helle yn 1986 syn vwo-diploma oan it Earste Frijsinnich Krystlik Lyseum yn De Haach. Dêrnei studearre er oant 1988 Mechanical Engineering oan de Universiteit fan Kalifornje - Berkeley, en fan 1988 oant 1994 die er de stúdzje Loftfeart- en Romtefearttechnyk oan de Technyske Universiteit Delft dêr't er syn yngenieurstitel helle by prof. Klaas Smit. Tagelyk studearre hy bedriuwsekonomy oan de Erasmus Universiteit Rotterdam dêr't er yn 1995 syn doktoraaleksamen helle. Johan Friso wurke fan 1995 ôf by McKinsey & Company yn Amsterdam, mar yn 1996 stoppe er by dat bedriuw om yn Frankryk in postdoktorale oplieding ta Master of Business Administration (MBA) oan it INSEAD te folgjen.

Nei it foltôgjen fan dy stúdzje krige Johan Friso yn 1998 in baan oanbean by de sakebank Goldman Sachs International yn Londen, Dêr't er yn april 2003 ûntslach naam as vice-president investment banking. Op 1 maart 2004 waard hy parttime meidirekteur fan TNO Space yn Delft.

Yn oktober 2006 waard Friso Managing Director by de firma Wolfensohn & Company yn Londen; hy is dêr fral dwaande mei de ymplemintaasje fan skjinne enerzjy yn ekonomyen dy't opgong oan 't meitsjen binne. Friso is mei-oprjochter fan it MRI Sintrum yn Amsterdam en teffens mei-oprjochter en oandielhâlder fan Wizz Air, in Legekostenloftfeartmaatskippij mei meast East-Jeropeeske bestimmingen. Friso is eare-foarsitter fan it Prins Claus Fûns (lykas ek syn broer Constantijn is). Fierders hat er kommissariaten yn ferskate bedriuwen en organisaasjes.

Oktober 2010 waard grute dat Friso de taak fan Bart Le Blanc as finansjeel direkteur by URENCO oernimme soe. 1 jannewaris 2011 kaam er dêr yn tsjinst en gie oan it wurk op it haadkantoar fan URENCO yn it Feriene Keninkryk.

Maatskiplike funksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prins Friso wie Ridder-Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, Ridder Grutkrús yn de Hûsoarder fan Oranje en Ridder Grutkrús yn de Hûsoarder fan de Gouden Liuw fan Nassau.

Nei in skyûngemak op 17 febrewaris 2012 yn Eastenryk rekke de prins yn in koma. It koma gie letter oer yn minimaal bewustwêzen (Ingelsk: minimally conscious state (MCS)). Op 12 augustus 2013 stoar de prins yn de âldens fan 44 jier oan de gefolgen fan it ûngemak yn Paleis Huis ten Bosch. Prins Friso waard begroeven yn Lage Vuursche, hy is de earste Oranje sûnt Prinssesse Marianne yn 1883 dy't begroeven waard.

Op 24 april 2004 troude Johan Friso yn Delft mei Mabel Wisse Smit. It pear hat twa bern:

Sûnt syn houlik is hy gjin lid mear fan it Keninklik Hûs. Meidat der foar it houlik gjin proseduere mei in tastimmingswet folge is, ferfoel syn titel Prins fan de Nederlannen. De prins wurdt offisjeel oantsjutten mei Syn Keninklike Heechheid Prins Friso fan Oranje-Nassau en hat prins fan Oranje-Nassau as persoanlike titel.

De foarâlden fan Prins Johan Friso
Prins Johan Friso fan Oranje-Nassau
(1968-2013)
Heit:
Claus fan Amsberg
(1926-2002)
Pake:
Klaus Felix von Amsberg
(1890-1953)
Oerpake:
Wilhelm von Amsberg
(1856-1929)
Oerbeppe:
Elise von Vieregge
(1866-1951)
Beppe:
Gösta von dem Bussche-Haddenhausen
(1902-1996)
Oerpake:
Georg von dem Bussche-Haddenhausen
(1869-1923)
Oerbeppe:
Gabriëlle von dem Bussche-Ippenburg
(1877-1973)
Mem:
Keninginne Beatrix fan de Nederlannen
(1938- )
Pake:
Prins Bernhard fan Lippe-Biesterfeld
(1911-2004)
Oerpake:
Prins Bernhard fan Lippe-Biesterfeld
(1872-1934)
Oerbeppe:
Baronesse Armgard fan Sierstorpff-Cramm
(1883-1971)
Beppe:
Keninginne Juliana fan de Nederlannen
(1909-2004)
Oerpake:
Hartoch Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin
(1876-1934)
Oerbeppe:
Keninginne Wilhelmina fan Nederlannen
(1880-1962)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hege Ried fan Adel, Jaarverslag 2004
  2. Koninklik Beslút fan 19 maart 2004 hâldende bepalingen ynsake titels, predikaat en skaainamme fan S.K.H. Prins Johan Friso Bernhard Christiaan David fan de Nederlanden, Prins fan Oranje-Nassau, Jonkhear vfan Amsberg, mei yngong fan syn houlik