Poptastins
De Poptastins is in eardere stins eastlik fan Hantumhuzen, yn de eardere gemeente Westdongeradiel, no gemeente Noardeast-Fryslân. Op it stee mei dielen fan singel en grêft stiet tsjintwurdich in pleats.
De stins komt yn de argiven foar it earst yn 1617 foar, mar hat grif in Midsiuwske oarsprong. Beëasten de kom fan Hantumhuzen stiet in pleats mei de namme Popta Zate. Yn 1832 wurdt dy by it Kadaster neamd ûnder Ternaard B155.
As familynamme komt Popta yn 1491 foar. As Ypt Popta syn besit wurdt de stins yn 1511 neamd, as "Popte goet" yn 1543. De aadlike Popta's stoaren yn de 16e iuw út. Yn 1491 sluet Jypth Popta him oan by it ferbûn mei Grins en hope dêrtroch beskerme "to wesen myt miin landsaten". Yn 1511 wie syn besit yn Hantumhuizen 94 pûnsmiet grut (± 35 ha.). Yn it Burmaniaboek (1597) is in wapen opnomd fan dizze family. De pleats wie dêrnei in pachtpleats. Yn 1617 waard de pleats beskreaun as" 't stins ende die vordere huysinge te Popta staende". Yn 1664 waard dy troch Schotanus as "eigenerfde state" oanjûn.
It stimkohier fan 1640 jout as eigeners “Jacob Hendrix cum sociis” en fermeldt as brûker Jancke Wigbolts. Yn 1698 is it goed yn hannen fan twa mei namme neamde eigeners. Adriaen Wittert van der Aa te Leien is dan eigener fan 55 pûnsmiet en Allardus Buytenpost te Harns fan 38 pûnsmiet. De brûker fan it gehiel wie Abe Hiddes.
De fermelding yn HisGis oangeande it floreenkohier fan 1700 jout de fermelding “dr. Eelcama in qual.”. Dat sil net de hiele orizjinele tekst wêze en kin betsjutte dat dizze doktor (grif yn de rjochten) troch boppeneamde hearen as rintmaster oansteld wie of as ‘makelaar’ om in diel fan it goed te ferkeapjen. Koart dêrnei moat dr. Henricus Popta te Marsum (sjoch Poptaslot) it grutste diel fan de pleats yn besit krigen hawwe, nei alle gedachten om te besykjen in - fiktyf - stamhûs te skeppen. Yn 1728 wienen 55 pûnsmiet yn eigendom fan it Poptagasthûs yn Marssum en de oare 38 pûnsmiet noch altiten fan Allardus Buytenpost. No is de Poptastichting eigener fan de pleats: dat is te sjen oan de sânrinners op de skuorredoarren.
Yn 1965 wie de family Koopmans hierder fan de pleats en op harren fersyk waard it wenstik modernisearre.
Tsjin de skiedingsmuorre tusken it wengedielte en de skuorre stie in kastewand mei weitimmere bedsteden. By de renovaasje waard besluten dy kastewand te slopen. Ien fan de timmerlju gie oan de slach mei dizze kastewand. Hy stuite lykwols net op bedsteden, mar op in âlde muorre fan ûngefear 4,5 m heech en 6 m breed besteande út kleastermoppen fan 32x16x8 sm. Fia de arsjitekten en de hear G. Elzinga dy't oan it Frysk Museum ferbûn wie, waard it Biologysk Archeologysk Ynstitút út Grins ynskeakele. Dat ynstitút konstatearre dat it om in 14e of 15e iuwske muorre giet, mooglik sels út de 13e iuw. De muorre hat diel útmakke fan de eardere stins.
Bewenners/Eigeners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1491 Jypth Popta (yn 1511 Ypt neamd)
- 1640 Jacob Hendrix cum sociis eigeners en Jancke Wigbolts brûker
- 1698 Adriaen Wittert van der Aa en Allardus Buytenpost
- ein 17e iuw: dr. Henricus Popta te Marsum
- Popta Stichting
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|