Springe nei ynhâld

Pontsje oer de Skarster Rien

Ut Wikipedy
Lokaasje fan it pontsje
Eartiids mei de hân betsjinne

It fytspontsje oer de Skarster Rien ferbynt de Jouwer mei Boarnsweach en Langwar. De oerhaal oer de Skarster Rien is allinnich foar fuotgongers en fytsers. It is in folle koartere ferbining tusken Langwar en De Jouwer as oer Skarsterbrêge. Eartiids waard it pontsje mei de hân betsjinne. Oer de Skarster Rien lei ûnder wetter in keabel. De pont waard dan mei in klos lâns de kabel nei de oare kant lutsen. De pont farde doe fan de dyk Wâldfinnen oan de kant fan De Jouwer nei de Boarnsweachsterdyk yn Boarnsweach.

It pontsje waard yn de santiger jierren opheft, mar waard mei it each op de rekreaasje letter wer yn eare wersteld. Dit pontsje fart wat súdliker en komt yn Boarnsweach út op de Skarsterleane. It motorpontsje fart oant seis oere jûns en simmerdeis oant tsien oere jûns.[1]

It pontsje is ûnderdiel fan de ‘Fjouwer pontsjesrûte’ (40 km) om De Jouwer, mei fytspontsjes fan Terherne De Broek en Nijskou.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: