Nijskou

Ut Wikipedy

Nijskou is in buorskip yn It Hearrenfean. It buorskip leit besuden Akkrum oan It Deel op de grins mei it eardere Skarsterlân.

Eekhof neamt foar it earst de buorskip Nieuweschouw, oan de súdkant fan it Deel yn 1849. Sûnt 1725 wie hjir in pontfear yn de wei De Jouwer- Akkrum, fan dêr de útgong -skou. Ek de dyk nei de hjoeddeiske fytspont hjit no Nijskou. By Nijskou stiet ek de Mellemole. Oan de noardkant fan Akkrum, rjochting Jirnsum, leit Aldskou