Pinsielsturtsliepmûs
pinsielsturtsliepmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Graphiurus murinus | ||||||||||||
Desmarest, 1822 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De pinsielsturtsliepmûs (Latynske namme: Graphiurus murinus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e Afrikaanske sliepmûzen (Graphiurus), dat lânseigen is yn Súd-Afrika. It is ien fan fjouwer sliepmûzesoarten dy't inkeld en allinnich yn dat lân foarkomme. Dizze soarte waard foar it earst yn 1822 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske biolooch Anselme Gaëtan Desmarest.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pinsielsturtsliepmûs stiet ek wol bekend as de Afrikaanske dwerchsliepmûs, en wurdt yn syn ferspriedingsgebiet wol de micro squirrel (it "mikro-iikhoarntsje") neamd. It natuerlike biotoop fan dit bist wurdt foarme troch tropyske en subtropyske reinwâlden yn berchgebieten, dêr't er dan syn habitat hat deunby rivieren of oar streamend wetter.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pinsielsturtsliepmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Pinsielsturtsliepmûzen wurde inkeld wol as húsdier holden, mar binne der net sa gaadlik foar, om't se yn ferhâlding ta oare domestisearre kjifdieren in tige yngewikkelde fersoarging brek binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|