Springe nei ynhâld

Pinksterkroan

Ut Wikipedy

Pinksterkroan wie in gebrûk út Hylpen. De Pinksterkroan waard troch âlde froulju makke út hoepels, fersierd mei Gaasterlânsk grien, mei dêroan slingers fan kleurd papier en oanien riuwde aaiskilen mei yn 't midden inkele fleskes dy't by it bewegen rinkelen en meast in poppe ('dokke'). Sa'n Pinksterkroan waard de doarren mei delgien op earste Pinksterdei, nei de moarnstsjinst, en de Pinksterkroanen waard dan yn de beide haadstrjitten oan in tou, dat oan twa geveltoppen fêstmakke wie, ophong. By tsjuster waard der yn in sirkel dûnse ûnder de kroanen. Dêrby waarden ferskes songen oant let yn de nacht, wylst de iene groep de oare ferfong. Dielnimmers wienen op it lêst benammen jonges en famkes, mar eartiids ek trouden en âlderein, sadat it foar guon earst Pinkster wêst hie as se om de kroanen dûnse hiene.

It sjongen en dûnsjen mei de pinksterkroan 'om de kroanen' wie in heechtijdei foar de Hylpers. Op Skylge waard de Pinksterkroan fierd yn Skylge-East. Ek yn doarpen fan Gelderlân en Oerisel waard Pinksterkroan fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: