Pieter Bijl

Ut Wikipedy

Pieter Bijl (Espel, 14 oktober 1964) is in âld Nederlânsk proffuotballer. Hy spile it meast as middenfjilder.

Bijl spile as amateur foar SK Espel en Sportferiening Urk. As proffuotballer kaam hy fan 1983 oant 1990 út foar SK It Hearrenfean. Hy debutearre op 12 febrewaris 1984 yn de wedstriid mei FK Wageningen. By It Hearrenfean makke hy yn syn lêste jier by de klup de promoasje nei de Earedifyzje mei. Sels soe hy net mei de klup útkomme yn dy difyzje, want yn 1990 gie hy nei FK Utert ta. Nei fjouwer gie hy yn de simmer fan 1994 werom nei SK It Hearrenfean wêr't hy as brekizer brûkt waard. Yn it seizoen 1995/1996 beëinige hy syn karriêre by Go Ahead Eagles út Dimter.

Nei syn fuotbalkarriêre helle hy de trenerspapieren en wie hy fan 2001 oant 2003 de assistint fan Gertjan Verbeek by Herakles Almelo. Yn it fuotbalseizoen 2003/2004 wie hy de haadtrener fan de amateurklup Flevo Boys. Nei dat seizoen wie hy fan 2004 oant 2006 op 'e nij de assistint-trener fa Gertjan Verbeek, no by SK It Hearrenfean. Nei syn perioade by It Hearrenfean hat hy noch twa jier de haadtrener west fan de Harkemase Boys.

Statistiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen Klub Kompetysje Wedstriden Doelpunten
1983-1984 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earste difyzje 13 2
1984-1985 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earste difyzje 34 3
1985-1986 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earste difyzje 34 1
1986-1987 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earste difyzje 20 5
1987-1988 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earste difyzje 24 3
1988-1989 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earste difyzje 35 3
1989-1990 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earste difyzje 23 4
1990-1991 flagge fan Nederlân FK Utert Earedifyzje 31 6
1991-1992 flagge fan Nederlân FK Utert Earedifyzje 30 7
1992-1993 flagge fan Nederlân FK Utert Earedifyzje 34 7
1993-1994 flagge fan Nederlân FK Utert Earedifyzje 33 3
1994-1995 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earedifyzje 15 1
1995-1996 flagge fan Nederlân SK It Hearrenfean Earedifyzje 0 0
flagge fan Nederlân Go Ahead Eagles Earedifyzje 19 3
Totaal 345 48