Springe nei ynhâld

Pier Arjen de Groot

Ut Wikipedy
Pier Arjen de Groot
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pier Arjen de Groot
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 juny 1905
berteplak Utert
stoarn 22 april 1995
stjerplak De Haach
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder,
tekener,
etser,
byldhouwer,
medaljeur
streaming figuratief
bekendste
  wurk(en)
It Wyfke fan Starum

Pier Arjen de Groot (Utert, 27 juny 1905De Haach, 22 april 1995) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener, etser, byldhouwer en medaljeur.

It wyfke fan Starum

Pier de Groot waard berne yn Utrecht as âldste soan fan de Fryske dokter Arjen de Groot en Hermina Hendrika Wilhelmina de Ligt. Yn 1931 sette er ôf nei Amsterdam, dêr 't er les krige fan de skilder Hendricus IJkelenstam en fierder oplaat waard oan de Rijksakacademie van beeldende kunsten, as learling fan Antoon Derkinderen, J.H. Jurres. [1] Hy skildere en tekene ûnder oaren figuerfoarstellingen en portretten. Hy wie lid fan De Onafhankelijken en eksposearre ûnder oare by in jubileumtentoanstelling fan De Onafhankelijken yn it Stedelijk Museum Amsterdam (1932).

De Groot krige lessen fan de byldhouwer Hendrik Maurits Hagedoorn yn Voorburg, mar ûntwikkele him nei de oarloch foar in grut part as autodidakt oant figuratyf byldhouwer en medaljeur. Hy eksposearre ûnder mear by de earste Sonsbeekeksposysje (1949), de tentoanstelling 'Beeldhouwers exposeren' fan de Nederlandse Kring van Beeldhouwers yn Museum Fodor yn Amsterdam (1949) en de tentoanstelling Nederlandse Beeldhouwkunst yn it Haachsk Gemeentemuseum (1951). Yn 1950 berocht Cornelis Veth in besite oan syn atelier oan de Vissershaven yn Scheveningen, Veth wie troch freonen op it byldhouwurk attindearre en bot ferheard troch de kwaliteit fan it wurk.

De Groot sleat him oan by De Nieuwe Ploeg yn Voorburg. Yn 1953 die er mei oan Tien jonge beeldhouwers, de earste iepenlofttentoanstelling fan de groep yn Park Sonnenburgh mei Lotti van der Gaag, Nol Greebe,Marian Gobius, Jaap Gutterswijk, Theo van der Nahmer, Ellen Roona, Rudi Rooijackers, Jan Snoeck, Aart van den IJssel en Hans van Zutphen.[2] Fan 1967 ôf wenne er winterdeis yn Den Haach en simmers yn Starum. It bekendste byldhouwurk fan De Groot is it brûnzen byld fan Het Vrouwtje van Stavoren, dat yn juny 1969 troch boargemaster Thijs van Hout oan de Havenkade ûntbleate waard. [3]

De Groot waard 89 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. P.M.J.E. Jacobs (2000) Beeldend Benelux: biografisch handboek. Tilburg: Stichting Studiecentrum voor Beeldende Kunst. ISBN 90-805707-1-0. Vol. 2, p. 607.
  2. Saskia Gras (2007) De Nieuwe Ploeg : Artistieke Werkgroep in Voorburg 1951-1959. Zwolle: Waanders Uitgevers.
  3. "Sage was reeds in de zestiende eeuw bekend: Standbeeld voor 'het vrouwtje van Stavoren'", Leeuwarder Courant, 29 maart 1969 (mei foto van De Groot en syn model); "Staveren heeft weer Vrouwtje van Stavoren", Leeuwarder Courant, 9 juny 1969.