Springe nei ynhâld

Piccadilly

Ut Wikipedy
Piccadilly ter hichte fan it Meriden Hotel, útsjend yn 'e rjochting fan Piccadilly Circus.

Piccadilly is in strjitte yn 'e Ingelske haadstêd Londen, dy't binnen de grinzen leit fan 'e Stêd Westminster (City of Westminster), ien fan 'e binnenste boroughs fan Londen. De strjitte rint fan it krúspunt Hyde Park Corner yn it westen oer in lingte fan 1,6 km nei it krúspunt en plein Piccadilly Circus yn it easten, en is ien fan 'e breedste en rjochtste strjitten fan Londen. Piccadilly makket boppedat ûnderdiel út fan 'e A4, dy't it sintrum fan Londen ferbynt mei Hammersmith, Earl's Court, de lofthaven Heathrow en de autosnelwei M4 bewesten de haadstêd.

Al sûnt de Midsiuwen is Picadilly ien fan 'e haadstrjitten fan Londen. Doedestiden stie de strjitte bekend as "de wei nei Reading" of "it paad út Colnbrook wei". Omtrint 1611 of 1612 kocht de skroar Robert Baker lân oan 'e strjitte en begûn der wat de Ingelsen piccadills neamden te meitsjen en ferkeapjen: grutte en brede kragen fan kant, oan 'e útein fersierd mei azjoer (ajour). Dat waard sa'n súkses dat Baker koarte tiid letter ferskate gebouwen op syn grûn sette litte koe, wêrûnder syn eigen wente, dy't er Pikadilly Hall neamde. Dêrtroch kaam de strjitte sels yn 'e folksmûle fan Piccadilly te hjitten. Yn 1664 krige it de offisjele namme fan Portugal Street, nei de Portegeeske prinsesse Katerina fan Braganza, de frou fan kening Karel II fan Ingelân, mar dy beneaming sloech nea oan, mei as gefolch dat tsjin 1680 ek offisjeel al fan Piccadilly sprutsen waard foar it diel fan 'e strjitte beëasten it krúspunt mei Swallow Street, en úteinlik kaam de hiele strjitte sa te hjitten.

Fan 1668 ôf, doe't de ferbining fan Charing Cross nei Hyde Park Corner ôfsletten waard foar de oanlis fan Green Park, woeks Piccadilly stadichwei mear oan yn wichtigens. Ein santjinde iuw, begjin achttjinde iuw waarden oan 'e noardkant in grut tal filla's boud, wêrûnder Clarendon House, Burlington House (beide yn 1664) en Devonshire House (1737). Dat lêste gebou waard neitiid brûkt as it haadkertier fan 'e Whigpartij. Yn Burlington House hawwe ferskate ferneamde organisaasjes fêstige west, lykas de Royal Academy of Arts, de Geological Society of London en de Royal Astronomical Society. Yn 1684 waard ek St. James's Church oan Piccadilly boud.

Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw wie de Old White Horse Cellar, op nû. 155, ien fan 'e bekendste herbergen foar koetspassazjiers yn Londen. Tsjin dy tiid hie Piccadilly him fierders ûntjûn ta it sintrum fan 'e Londonske hannel yn boeken. Yn 1790 gie it Bath Hotel iepen, en yn 1887 waard Walsingham House boud; dy beide gebouwen waarden yn 1906 ôfbrutsen om romte te meitsjen foar it Ritz Hotel. Yn 'e tweintichste iuw kaam Piccadilly bekend te stean om prostitúsje en de hannel yn yllegale drugs, benammen heroïne. Dat duorre oant yn 'e 1960-er jierren. Tsjintwurdich is Piccadilly ien fan 'e wichtichste winkelstrjitten fan Londen, dêr't fierders ek de ambassade fan Japan en it hege kommissariaat fan Malta oan fêstige binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.