Springe nei ynhâld

Phaesmastate

Ut Wikipedy

Phaesmastate, ek wol: Phaesmabosch Te Bosch wie in state ten suden fan Kollum yn de gemeente Kollumerlân, yn de buert fan Ald Meckemastate yn it hjoeddeiske Sânhuzen dat eartiids Meckamabuorren neamd waard.

De state wurdt al yn de 15e iuw neamd. De famylje Phaesma siet op de grins fan de adel en de eigenierden. Se wienen parintearre oan de Allema's fan Aldwâld, de Ayckema's fan Gryptsjerk en de Bootsma's. Yn de tsjerke kaam it wapen Phaesma foar en der wie in grêfkelder fan dit laach; boppedat soe de prebende fan it Hillich Sakramint yn de tsjerke fan Kollum stifte wêze by 't geslagte van Jellema ende eenige van Bootsma ende Faesma.

Gayko Fasema en syn soan Tyaerdt waarden yn 1492 neamd as ferwanten fan Eue ter Harst yn Lytsewâld. Ballinck Phaesma, troud mei syn besibbe Eeucka Phaesma, wie fan 1523 - 1536 grytman fan Kollumerlân. Syn boedel hie yn 1516 yn beslach nomd west fanwegen rebelly. Syn soan Loell Phaesma wurdt yn it testamint fan Hessel Bootsma neamd. Yn 1552 droech Loell huys ende steenhuys sampt schuire oer oan Hed Phaesma; yn 1562 waard de sate fan de lêste te Meckemabuiren neamd. Yn 1606 ferkochten de krediteuren en erfgenamten fan Hed Phaesma Phaesmastate, sate, huisinge, hoff, plantagie ende landen, groot 40 pondematen oan Mattheus Pieters Phaesma, neffens mr. Andreae in oerpakesizzer fan boppeneamde Ballinck Phaesma. Nei syn dea omtrint 1620 fererve de state op syn soan Tjaerdt. In dochter fan Mattheus Phaesma, Foockel Phaesma, troude yn 1619 mei Johannes fan Scheltinga. Harren soan Mattheus fan Scheltinga erve yn 1631 fan syn omke Tjaerd Phaesma dy syn lân en state tot Collum, Phaesmabosch genaempt. Hy neamde himsels sûnt dy tiid Mattheus Phaesma fan Scheltinga.
Mattheus ferstoar as frijfeint en de state waard eigendom fan syn broer Dirck fan Scheltinga dy't troud wie mei Truyke fan Wigara. Yn 1698 is harren skoansoan generaal Fan Coehoorn eigener. Syn dochter Geertruida Alegonda soe hjir noch wenne hawwe, mar omdat hja destiids yn Drylts wenne sil dat nei alle gedachten allinnich út en troch yn de simmer sa west hawwe. Hja ferkocht de sate yn 1712 oan de notaris Justus Voorda.

Yn de 17e iuw waard Phaesmastate, deun njonken Ald Meckemastate lizzend, in "gewoane" pleats. Yn 1664 waard it noch as aadlike state oanjûn, yn 1718 as pleats binnen romme singels. Yn 1729 wurdt it goed noch fermelden as eene deftige plaats of sathe lands, groot 40 pdm., gelegen in Phaesma-bosch buiten Kollum. It wie dus in pleats wurden, mar wól mei in seker grandeur en blykber noch mei it park fan de state der omhinne.

Bewenners
  • 1516 Ballinck Phaesma
  • <1552 Loell Phaesma
  • 1552 – 1606 Hed Phaesma
  • 1606 – 1620 Mattheus Pieters Phaesma
  • 1620 – 1631 Tjaerdt Phaesma
  • 1631 Mattheus Phaesma fan Scheltinga
  • Dirck fan Scheltinga
  • 1698 generaal Fan Coehoorn
  • Geertruida Alegonda fan Coehoorn
  • 1712 Justus Voorda

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009