Pfalzgrafenstein
Pfalzgrafenstein | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
plak | Kaub | |
koördinaten | 50° 4' N 7° 45' E | |
Skiednis | ||
stifter | Loadewyk de Beier | |
stiftingsjier | 1100-15e iuw | |
boujier | 1327 | |
hjoeddeiske steat | folslein bewarre | |
Oars | ||
type | wetterboarch | |
tagonklikens | iepen foar publyk | |
bysûnderheden | UNESCO-wrâlderfgoed | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
burg-pfalzgrafenstein.de | ||
Kaart | ||
Pfalzgrafenstein is in kastiel op in eilân yn de Ryn by Kaub yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It kastiel is sûnt 2002 in ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed 'Bopperin fan de Midden-Ryndelling'.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om it plak der't de tol foar skippen ynbard waard te befeiligjen liet Loadewyk de Beier yn de jierren 1326-1327 ynearsten de noch jimmeroan besteande fiifhoekige toer op it eilân bouwe. Yn de jierren 1339 oant 1342 waard in tolve meter hege en oant 2,6 meter dikke ringmuorre mei in oerkape wargong tafoege. De boarch krige boppedat in tsjerker, wêrfan't de flier by heechwetter as in flot omheech dreau.
Yn de twadde helte fan de 15e iuw folge de ferheging fan de toer mei in fakwurkkonstruksje, hoektuorkes en sealtek. Fanwegen de iisgong op de Ryn en de folgjende skea waard yn 1606-1607 in foarse spits oanboud en sûnt krige it kastiel de foarm fan in skip dat de stream op fart. Op de oanbou waard in platfoarm oanlein mei in foar dy tiid modern geskut. Under de boppeste wargong waard in twadde wargong oanboud dêr't de muorre sjitgatten krige foar hânfjoerwapens. De harkenielen oan de einen fan de muorren waarden yn 1658 tafoege. Yn 1714 krige de toer in barokke bekroaning en dêrmei it hjoeddeiske oansjen. De toer krige doe in hichte fan 36 meter.
Yn 1803 waard yn de Frânske tiid de boarch oan it hartochdom Nassau tawiisd. Om de troepen fan Napoleon Bonaparte út it lân te jijen stiek de Prusyske fjildmaarskalk Gebhard Leberecht von Blücher by Kaub mei 60.000 soldaten en 20.000 hynders de Ryn oer. Oant de Prusysk-Eastenrykske Kriich yn 1866 bleau it kastiel in tolstasjon. Dêrnei die it kastiel noch oant yn de jierren 1960 as sinjaalstasjon foar de skipfeart tsjinst.
Njonken de Marksburg heart Pfalzgrafenstein en de Alde Boarch fan Boppard ta de kastielen fan de Boppe-Middenryndelte, dêr't net in soad oan fernield of feroare is. Troch dendrologyske ûndersiken koe in krekte datearing fêststeld wurde. De boarch kin mei in fear besocht wurde en wurdt foar de dielsteat beheard troch de organisaasje 'Burgen, Schlösser, Altertümer Rheinland-Pfalz'. Nei in restauraasje yn 2007 krige it kastiel de histoaryske kleuren werom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Pfalzgrafenstein Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|