Petrustsjerke (Twizel)
Petrustsjerke | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Tsjerkebuorren 15 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1692 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 7054 [1] | |
offisjele webside | ||
Side Protestanske Gemeente Twizel |
De Petrustsjerke is de foarhinne herfoarme tsjerke en tsjintwurdich de tsjerke fan de protestanske gemeente fan Twizel.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjintwurdige Petrustsjerke mei in trijesidich koer datearret út 1692 en ferfong eartiids in âlder gebou út de 13e iuw. De diels noch út dowestien besteande toer is âlder en 13e iuwsk. De toer is yn 1787 foar in part op 'e nij boud en krige doe yn stee fan in spits in sealtek.[2] Oan de eastlike kant fan de toer is te sjen dat it dak fan de tsjerke ea heger west hat. Om de kosten fan de ferwaarming leech te hâlden krige de noarlike muorre gjin ramen.
Yn de midsiuwen foel Twizel ûnder de parochy fan Stynsgea. Troch in beskriuwing oer abt Sierd fan Hallum út 1245 is it bekend dat de tsjerke yn de katolike tiid oan Petrus wijd wie.
De tsjerke stiet op in fjouwer oant fiif meter hege terp út de tiid fan foar it kristenjen en hat doe in plak west dêr't heidenske riten útfierd waarden. Ut dizze tiid stamt in balstien by de opgong fan de terp mei in ynbeitele krús. It wie doedestiids wênst om heidenske plakken fan krusen te foarsjen om it kristenjen fêst te lizzen.[3]
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de tsjerke stiet in 18e iuwske preekstoel, dy't foar 1925 fan de súdlike muorre nei it koer fan de tsjerke ferhûze. Ek yn 1925 waard de glês-yn-leadramen yn art deco styl ynbrocht. De saneamde Kloostermanbank foaroan yn de tsjerke datearret út de 18e iuw. Yn de muorre fan it koer binne twa sarken ynmitsele; mear sarken lizze ûnder de flier.[4]
It ynterieur waard yn 2014 restaurearre.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel op de westlike galerij fan de Petrustsjerke waard yn 1905 boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga.[5]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|