Petrustsjerke (Tolbert)
Petrustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Tolbert | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 21' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Petrus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 23985 | |
Kaart | ||
De Petrustsjerke is in midsiuwsk ryksmonumint yn Tolbert yn 'e gemeente Westerkertier yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke waard yn 1977 oerdroegen oan 'e Stichting Alde Grinslânske Tsjerken.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke stiet op it heechste punt fan Tolbert en hat in ferhege tsjerkhôf.
Eksterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldste diel fan 'e tsjerke is it rjochthoekige smellere en legere koer, dat oan it begjin fan 'e 13e iuw boud waard. Dat diel hat noch fjouwer spitsbôgefinsters en ek binne dêr yn 'e noardlike en súdlike muorre twa tichtmitsele yngongen foar de preesters. It koer wurdt rjocht ôfsletten en is fersierd mei twa tichtsette rûnbôgefinsters en trije wite, klimmende rûnbôgenissen yn 'e geveltop. Ek is der tsjin de koersluting in steunbear set om it fersakjen te kearen.
De toer is in pear desinnia letter boud en hat in soad muorre-ankers. It fûnemint is fan fjildstiennen en op grûnhichte binne de muorren wol oardel meter dik. Om it jier 1600 hinne waard de toer ferhege en krige doe ek in sealtek mei de wytpleistere galmgatten. It skip is neitiid tusken it koer en de toer ynboud. It skip is breder, mar ek heger as it koer. Yn it skip sitte oan beide kanten ek rûnbôgeportalen, dy't letter tichtmitsele binne. Op dy plakken binne no twa fan 'e fjouwer rûnbôgefinsters fan it skip, dy't oarspronklik spitsbôgefinsters wiene.
Yn 'e toer hinget in klok út 1660, getten troch Jurjen Balthasar út Ljouwert. De klok is fersierd mei wapens fan Carel Hieronymus von Inn- und Knyphausen (hear fan Nienoard) en fan Ivo Auwema (bewenner fan it om 1760 hinne ôfbrutsen Auwemahûs yn Tolbert). Yn 1943 brutsen de Dútsers de súdlike muorre iepen om de klok út de toer te heljen. De klok is letter werom fûn en yn 1946 wer yn 'e toer ophongen. It weiheljen fan 'e klok hat lykwols wol spoaren neilitten yn it mitselwurk.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as it skip, dat altiten in houten balkeplafond hân hat, hat it koer eartiids wol in stiennen ferwulft hân. De triomfbôge skiedt it koer fan it skip. Yn 'e triomfbôge sit in houten wand út de jierren 1816-1862, doe't it koer as skoalle brûkt waard. Oant de restauraasje fan 1983-1993 stie de 17e-iuwske preekstoel tsjin dy wand oan. By dy restauraasje waard in nis ûntdutsen en ferhûze de preekstoel nei it súdlike diel fan 'e triomfbôge, sadat der in iepening nei it koer ûntstie.
De hearebanken binne nei alle gedachten 17e-iuwsk en wiene foar de bewenners fan it Auwemahûs en Harkema. De flier fan it skip is fan gieltsjes en reade klinkers, ôfwiksele mei sarkofaachdeksels en sarken. De âldste datearret fan 1576 en de jongste út 1812. Foaryn it skip leit it grêf fan 'e 33 jier âlde tsjerkfâd Hendrikus Leuring († 21 april 1775).
Yn 1686 joech Ulsia Maria Auwema it sulveren nachtmielreau en in ierdewurken kanne mei in sulveren deksel.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel op 'e westlike galerij waard yn 1867 troch Van Oeckelen boud en is noch yn oarspronklike steat. It ynstrumint hat acht registers op ien manuaal en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|