Peter Lazarov
Petăr Petkov (Peter) Lazarov, (Plovdiv, Bulgarije, 22 desimber 1958) is in Bulgaarsk/Nederlânske keunstner en grafikus.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lazarov wennet sûnt 1990 mei frou en bern yn Nederlân en wurket yn de stêd Grins. Hy studearre grafyske techniken oan de universiteit fan Veliko Tarnovo. Peter Lazarov is ien fan mar in pear libjende keunstners fan wa't wurk yn de kolleksje fan it Ryksmuseum yn Amsterdam opnaam is.
Lazarov syn wurk is te finen yn it Museum Meermanno-Westreenianum, yn De Haach, Museum foar Skoandere Keunsten, yn Okinawa, Japan; de National Library of Congress yn Washington DC, FSA; de Yale University, FSA, en de Universiteit fan British Columbia, yn Vancouver Kanada.
Peter Lazarov, dy't lid is fan de British Society of Wood Engravers, brûkt ferskillende druktechniken, lykas houtgravuere, houtfyk en litografy, soms byelkoar brocht yn ien keunstwurk. Syn ekspressive styl hat skaaimerken fan de Bulgaarske tradysje en tagelyk de ynfloed fan Dürer, Rembrandt, M.C. Escher of Willem de Kooning.
Yn 2003 besocht er Japan om te wurkjen mei de papiermakker Sensei Fujimori-san, dy't beskôge wurdt as in 'nasjonale skat' yn Japan. Op 't heden makket Lazarov syn eigen papier, mei help fan âlde Japanske techniken. Lazarov is faaks de ienige Bulgaarske keunstner dy't dat kin.
Hy yllustrearre tal fan private-press boeken mei wurk fan auteurs as Louis Paul Boon, Atanas Daltchev, Cor Jellema, Kaváfis, Emily Dickinson, Charlotte Brontë, Victor Hugo, en Argimedes. Yn 2002 rjochte er syn eigen private-press, Pepell-press op, foar beheinde edysjes fan mei de hân makke boeken. Yn 2006 waarden twa fan syn boeken, Shoji en Melancholi ..., út de 50 bêste bibliofile edysjes yn Nederlân foar 2004-2005 (Mooi Marginaal) keazen. Yn 2007 wie der in grutte útstalling fan syn wurk yn Sjanghai, China, wêrby't 200 gravueres ferkocht waarden.
Oktober 2008 wie Peter Lazarov ien fan de middelpunten op de wrâld grafyske tentoanstelling yn Beijing, China. Hy waard doe keazen troch it Organisatorisch Comite van het World Congress of FISAE as ien fan de 10 bêste grafikussen yn de wrâld op it mêd fan exlibris en lytsgrafyk. It wie de earste kear dat in Bulgaarsk keunstner sa eare waard.
Sûnt 1991 ferskynden fanwege de Stichting Nobilis trije portfolio's mei grafyk fan Lazarov.
Bydragen oan útjeften (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- C.O. Jellema, Drijfjacht. De Haach, Statenhofpers, 2003.
- Gerrit Achterberg, Huisbewaarder. [Woubrugge], Avalon Pers, 2005. [Oersetting ek ferskynd as: Caretaker.]
- C.O. Jellema, De locatie. De Haach, Statenhofpers, 2006.
- Menno Wigman, De droefenis van copyrettes. Santpoort, Mercator Pers, 2006.
- Hafiz, Waar werd van zulk een wijzen geest vernomen. [S.l.], Statenhofpers, [2007].
- C.O. Jellema, Wat bleef van de ontroering : brieven uit Griekenland aan Marjo en Theo. Woubrugge, Avalon Pers, 2007.
- Hester Knibbe, Caran d'Ache. Santpoort, Mercator Pers, 2007.
- J. Slauerhoff, Icarus. Vier nagelaten gedichten. Woubrugge, Avalon Pers, 2010.
- Christopher Middleton, Parabels en grotesken. Woubrugge, Avalon Pers, 2012.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Nederlandse Officiële Catalogus van het Rijksmuseum, Amsterdam.
- Pieter Jonker, Het labyrint in zwart en wit. Houtgravures van Peter Lazarov. Meppel, 1991
- Pieter Jonker, De prentkunst van Peter Lazarov. Easterwâld, 2011