Penélope Cruz

Ut Wikipedy
Penélope Cruz
akteur
Penélope Cruz yn Cannes, 2011
Penélope Cruz yn Cannes, 2011
persoanlike bysûnderheden
echte namme Penélope Cruz Sánchez
nasjonaliteit Spaansk
berne 28 april 1974
berteplak Madrid
jierren aktyf 1989–no
prizen Academy Award, BAFTA Award, European Film Award
offisjele webside
Penélope Cruz op Twitter
Penélope Cruz, 2008
Cruz yn 2003

Penélope Cruz Sánchez (Madrid, 28 april 1974) is in Spaanske filmaktrise. Ze wûn yn 2009 ûnder oaren de Academy Award foar bêste froulike byrol en in BAFTA Award mei har rol yn Vicky Cristina Barcelona. Foar har rol yn Volver hat hja in César en in European Film Award wûn.

Fanwege har styl fan spyljen en har uterlik wurdt hja wolris fergelike mei Sophia Loren.

Cruz wie ferloofd mei Tom Cruise. Dêrnei hie hja in skoft in ferhâlding mei de akteur Matthew McConaughey, mar sy hawwe besluten om yn maaie 2006 út elkoar te gean.

Cruz sprekt fjouwer talen: Spaansk, Italjaansk, Frânsk en Ingelsk. Hja hat in bulte jild en tiid bestege oan woldiedichheid; yn 1997 hat sy twa moanne frijwilligerswurk dien yn Uganda.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Penelope Cruz fan Wikimedia Commons.