Springe nei ynhâld

Paul Urban

Ut Wikipedy
Boekbânûntwerp fan Paul Urban

Paul Urban (München, 1901 - Moskou, 1937 ?) wie in Dútsk grafysk ûntwerper.

Hy folge yn 1918 in oplieding oan de Kunstgewerbeschule yn München. Fierder is witten dat er fan 1927 oant 1933 yn Berlyn grafysk ûntwerper wie. Yn 1933 flechte er oer Parys nei Nederlân dêr't er ûnder mear as boekbânûntwerper foar de útjouwerijen Querido en dy fan Allert de Lange yn Amsterdam arbeide. Foar dy útjouwerijen makke Urban 34 boekbannen. Hjerst fan 1936 ferfear er nei de Sowjet-Uny nei Moskou dêr't yn it hotel National húsmanne. Nei de simmer fan 1937 ferdwûn Urban en waard der neat mear fan him fernaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://verbrannte-und-verbannte.de