Springe nei ynhâld

Osmaanske Ryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Osmaanske Turken)
Osmanlı İmparatorluğu
Flagge fan Osmaanske Ryk Wapen fan Osmaanske Ryk
Lokaasje fan Osmaanske Ryk
Taal Turksk/Ottomaansk, Arabysk, Koerdysk, Gryksk, Albaneesk, Slavysk, Arameesk, Armeensk, Hebriuwsk, Perzysk; offisjeel: Arabysk
Haadstêd Söğüt (1299-1326)
Bursa (1326-1365)
Edirne (1365-1453)

Konstantinopel (1453-1922)

Steatsfoarm Grutsultanaat
Tal ynwenners ± 35,350,000 (1856)
Oerflak ± 12,000,000 km² (1680)
Tiidrek 1299 - 1922
Munt Akçe


It Osmaanske Ryk (ek wol: Ottomaanske Ryk, Turksk: Osmanlı İmparatorluğu) is it Turkske Ryk dat fan 1299 oant 1922 bestie. Yn 1683 omfieme it Osmaanske Ryk it Turkije fan no, de lannen om de Swarte See hinne, de Balkan, Noard-Afrika en parten fan it Midden-Easten. It Ryk is ferneamd nei de stifter fan de dynasty fan de Osmanen.

Om 1299 hinne ferklearre Osman I. syn Beylik ûnôfhinklik. Osman I. en opfolgers ferienigen lytse Turkske steaten yn Anatoalje en ferovere in grut part fan de Balkan (Servje en Bulgarije). Yn 1402 waarden de Osmanen troch Timoer Lenk yn 'e Slach by Ankara ferslein. Neidat Mehmet I it ryk wer ferienige hie, koe syn opfolger Mehmet II fierder mei it feroverjen fan it Byzantynske Ryk, dat slagge yn 1453. De Osmanen feroveren fierders Egypte (1517), Syrje (1516), Palestina (1516) en west-Araabje (1517).

De grutste kavalery oanfal yn 'e skiednis fan de minske wie dy mei de Slach om Wenen op 12 septimber 1683.

Yn 'e 18e iuw waard it Osmaanske Ryk aloan minder sterk. Oare Jeropeeske machten lykas Grut-Brittanje en Frankryk krigen hieltyd mear macht yn de regio, bygelyks Napoleon yn 1798 doe't er Egypte besocht te feroverjen. De Russen besochten mei Peter de Grutte út it noarden wei har ryk út te wreidzjen nei de Middellânske See. De Osmanen kamen wilens de 19e iuw hieltyd mear yn 'e lytse loege, op 20 wynmoanne 1827 fochten Frânske, Britske en Russyske skippen tsjin de Osmaanske float yn 'e Slach fan Navarino, mei as doel de Griken te stypjen mei har frijheidsstriid. Yn 1878 krigen de ferovere gebieten Bosnje en Hergegovina, Roemeenje, Servje, Bulgarije en Syprus har ûnôfhinklikens werom.

It leit yn 'e reden en mei de Earste Wrâldkriich keazen de Osmanen de kant fan Dútsers. Yn 1922 waard de lêste sultan, Mehmet VI Vahideddin, weireage en de Republyk Turkije waard stifte fan Mustafa Kemal Atatürk.