Olpherd Belida
Olpherd Hendriks Belida (? - Easterbierrum, 1620) wie al foar 1584 grifformeard predikant yn East-Fryslân yn Deteren by Stikhuzen.
Yn july 1587 waard hy op oanklacht yn de klassis fan Lier in skoft om ûnbekende reden skorst, mar koart dêrnei wer oannomd omdat er him genôch ferantwurdzje koe. Oant 1591 hat er dêr doe syn wurk fuortsetten. Letter waard him dat ûnmooglik makke, mar omdat de East-Fryske greve Johan - Belida persoanlijk tagedien wie en lykas him grifformeard wie - waard hy opfolge troch de luterske Edzard II, en dy dulde yn syn gebiet gjin ôfwikende mienings. Sadwaande moast Belida, mei in soad oaren, wol fertrekke.
Yn 1592 waard hy predikant yn Ferwert. Yn 1606 stjoerden de Steaten fan Fryslân him, neffens it kollotaasjerjocht, tydlik nei Bellinga of Oudeschans. Dêrnei stie er in skoftsje yn Feinsum en Hijum, dat yn de klassis Ljouwert lei. Neffens Romein hie hy dêr earder ek al, foar 1600 tsjinst dien. Syn wurk hat er dêr lykwols net sa lang dien. Yn 1608 waard hy fanwege dronkenskip ôfsetten. Mar in jier letter al bepaalde de Synoade, dat hy wer foar beropping yn de beneaming komme koe. Hy skynt doe yn Easterbierrum stien te hawwen, wêr't er fermoedlik yn 1620, op tige hege leeftyd stoarn is, neidat er ek yn Tsjummearum noch dûmny west hie.
Ien fan syn soannen: Johan, is rektor te Appingedam wurden yn 1597. In oare, Hendrik hat neffens Romein - waans berjochten oer de Belida's wolris wat dizenich binne - boargemaster fan Harns west; neffens Borger waard hy yn 1638 yn dy stêd rektor, as opfolger fan Reinardus Neuhusius. Op syn beurt is Hendrik wer - nei Borger - yn dy lêste kwaliteit opfolge troch syn soan Olpherd Hendriks Belida, yn 1644. Itsij in dochter, itsij in zuster fan dizzen - de berjochten jouwe gjin útslútsel - Emmetje hjitten, hat troud west mei in Johan Sibersma en de mem wurden fan Hero Sibersma, predikant yn Amsterdam. In Wigbold Belida hat fan 1594 of earder oant 1598 as predikant yn Wilnis en Vinkeveen stien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|