Springe nei ynhâld

Oerwurkmakkerskeunst

Ut Wikipedy
Ofbylding fan in oerwurkmakker út 1568

De keunst om oerwurken te meitsjen foar toerklokken kaam yn de 16e iuw nei de stêden en nei inkele doarpen. Yn de 17e iuw krigen Dokkum, Harns en Ljouwert harren klokkespullen. Om 1600 hinne komme der neist 'grut'- ek 'lyts'-oerwurkmakkers. De lêsten leveren hûs- en bûse-oerwurken. Se kamen faak út it suden en makken oant yn de 19e iuw ek matematyske ynstruminten as it astrolabium. Fan 1550 - 1650 de aaifoarmige, koperen en sulveren, fersierde astronomyske horloazjes mei ien wizer. Stadichoan ferskine dan ek oare foarmen.

Fan ± 1700 - 1800 de dikke rûne foarm ('rapen') mei ien of mear, bytiden tige fraaie bûtenkasten mei emalje fersierde wizerplaten en keunstsinnige 'kloven' (ûnrêstdeksels). De horloazjemakkers leveren ek klokken (sûnt 1700 gongsklokken, nei 1750 stuoltsjeklokken en sturtstikklokken. De ymport fan goedkeapere Ingelske en letter Switserske horloazjes, fan Frânske pendulen en Schwarzwaldklokken hat de oerwurkmakkerskeunst skea dien. Opmerklik is hoefolle klokmakkers der yn Fryslân west hawwe. Op De Jouwer sieten in soad klokmakkers (bruorren De Vries, A. Halma, J. van der Meulen )

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: