Oerlis:Wetterpoarte (Snits)
Appearance
Stroffeljende reedriders
[boarne bewurkje]De Middelrin fan Snits is net frij wetter foar it reedriden. Benammen by de Sûpemerk is it wetter net farber, en dêrmei ek net rydsum. Dat, om't de Wetterpoarte ek oer dy rin leit, liket it net wierskynlik dat der ûnder de Wetterpoarte troch riden wurdt. Sa fier ik it wit, binne de lêste trije Alvestêdetochten noardom dien. Dêrby wurdt ek klune, mar in teory kòe de rûte oer it wetter dien wurde. Dan komt de tocht ûnder de Wûnderbrêge troch: Net fier fan de Wetterpoarte, mar net krekt. Mysha (oerlis) 28 nov 2024, 13.04 (CET)
- @Mysha: Ik haw dizze side in tal jierren lyn opknapt. Dat stikje oer de Alvestêdetocht sil der doe al wol stien hawwe. It kin yn elts gefal net fan my komme, want ik bin net bekend yn Snits, dus ik wit net wêr't de Alvestêderûte dêr rint. Ik haw al in foto fan 'e tocht fan 1985 fûn op Google, sjoch hjirre. It liket der yndie by lâns te gean, sa't jo al seine. Ik sil de tekst even oanpasse. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 nov 2024, 21.28 (CET)
- De skiednis fan de side, jout foar it ferskinen fan dy tekst oan: 7 jul 2018 om 21.06 troch Ieneach fan 'e Esk. Hoe dat ek wêze mei: Ferskate fan de plaatsjes sa't jo dy oanjouwe, litte sjen dat de de rûte nei lofts út byld giet, en om't dy allegear ferkeard om binne, om dy fraaie poarte derbyop te hawwen, wol dat sizze dat dêrmei de reedriders ûnder de Wûnderbrêge troch komme en dan nei rjochts geane. Der is ek in foto by fan by de Lêste Stoerbrêge, dêr't op te sjen is dat de rûte de stêd yn, ek nei rjochts wie, dat dat wie de Noardrin. Op it stuit fan dy tochten wenne ik net yn Snits, mar ik wie der letter al sawis fan dat de Wûnderbrêge op de rûte lei, dat ik as stêdgids myn gasten út en troch op dy brêge stil halden liet, dat hja yntinke koenen hoe't hja winters yn it tsjuster yn de stilte stienen, oant ynienen in klofte reedriders ûnder harren trochsketten, ûnderweis nei Drylts. Net absolút, mar aardig wis. Tank foar de oanpassing. Mysha (oerlis)
- Jo hawwe gelyk, it komt blykber dochs fan my. Wat apart, dêr stiet my neat fan by. Dan sil ik dat dochs wol earne lêzen hawwe, miskien op nl: of sa, want sa't ik sei: ik bin dêr sels net bekend, dus dan soe it foar my in folsleine slach yn it tsjuster wêze om soks te bewearen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 nov 2024, 21.10 (CET)