Springe nei ynhâld

Wûnderbrêge

Ut Wikipedy
De Wûnderbrêge

De Wûnderbrêge is in brêge yn Snits tichtby de Kolk, oer de noardrin fan de Stedsgrêft, dy't dêr ornaris Wetterpoartsgrêft neamd wurdt. De brêge ferbynt de T-krusing fan it Mollemakleaster en de Wetterpoartsgrêft mei de hoeke fan de Westersingel en de Geaukade.

Yn de 19e iuw lei om de Kolk in rûnrinnende reling. Yn 1901 is oer de Stedsgrêft in losse klapbrêge oanlein, dy't yn 1901 makke is.[1] It wie in getten izeren brêge fan J.P. Hogendijk. De Hogendijk-brêgen wienen lykwols net berekenne op it drokke ferkear, wat der de grûn ta wie dat op it lêst de Wûnderbrêge net mear tagonklik wie foar motorisearre ferkear. Yn 1968 is de brêge sloopt.[2]

Yn 1970 is de âlde ophelbrêge ferfongen troch in fêste brêge foar licht ferkear. Om it wetter fan de Stedsgrêft tagonklik te hâlden, wie it in hout sa heech, dat men der al mei de fyts oerhinne koe, mar dan allinnich as de fyts treaun waard. Yn 2002 is de brêge renovearre en waard it houtdek ferfongen en stielwurk konserveare.[3]

Yn 2020 is de brêge weihelle by it ûnderhâld oan de kaden. Dit wie foar Snitsers oanlieding ta it oanbringen fan in strjitnammeboerdsje nei de Brêgewei.[4] Lykwols waard foar de Snitswike fan 2022 in tydlik brêgje oanlein, dat de Snitsers wisten dat der al wer in brêge kommme soe. Yn maaie fan 2023 is der in nije brêge ynlein, in fuotgongersbrêge; de nije brêge liket breder, mar der is gjin romte mear foar it triuwen fan fytsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fries Scheepvaartmuseum, FSM001015038
  2. Sneek, su het ut weest! - Alice Booij: https://www.facebook.com/groups/Sneeksuhetutweest/permalink/2136624909694026/
  3. Parseberjocht: Opknappen Wûnderbrêge
  4. https://lc.nl/friesland/sudwest-fryslan/Buurtbewoners-van-Westersingel-in-Sneek-hangen-bord-op-Brugweg%E2%80%99-27837263.html