Oerlis:Stege
Appearance
Hoe sit dat by jimme?
[boarne bewurkje]@RomkeHoekstra, Ieneach fan 'e Esk, en FreyaSport: en oare meidoggers. Kinne jimme noch wat ferstannichs oer stegen yn de kontreien dêr't jim tahâlde sizze? Drewes (oerlis) 29 jul 2022, 17.59 (CEST)
- Wy ha hjir gjin stegen. Wol paden en reden. Mar ik nim oan dat jo in stege bedoel tusken twa rigen hûzen. Yn Ljouwert binne der yn't sintrum wol in stik of wat.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 jul 2022, 18.27 (CEST)
- Dêr't ik opgroeid bin hiene we gjin stegen, Mar dêr ik no wenje wit ik dat der yn in stik as wat stegen minsken wenje as moat ik sizze oan in stege? Yn in stege klinkt it krekt as binne it swalkers, wylst harren hûs yn de stege stiet. En de stegen wurde faaks oan de sintrum kânt ôfsletten mei eveneminten om te foarkommen dat se as húske en foar oare saken brûkt wurde. FreyaSport (oerlis) 29 jul 2022, 18.34 (CEST)
- Wêr't ik opgroeid bin, op 'e klaai, wurde mei stegen bedoeld smelle strjitsjes tusken de hûzen benammen yn de buorren fan in (grutter) plak. Yn benammen lytsere doarpen sa as om 'e tsjerke hinne wurde paden neamd. In paad nei immens wente wurdt in reed neamd. Kneppelfreed (oerlis) 29 jul 2022, 18.59 (CEST)
- @Drewes: Goeie. Ik soe derby sette dat der gauris sprutsen wurdt fan in steechje. Jo skriuwe dat stegen gjin funksje foar trochgeand ferkear hawwe, mar dat is net wier, teminsten net as jo fuotgongers ta trochgeand ferkear rekkenje. De Doelesteech yn Ljouwert, bgl., jout tagong fan it Saailân nei de Nijstêd en wurdt troch fuotgongers in protte brûkt. Itselde jildt foar de steech (ek fan Saailân nei Nijstêd) njonken it pân dêr't V&D foarhinne siet. (Ik haw de namme net paraat, mar dy stiet wol yn it artikel oer de Nijstêd (Ljouwert).) En fan 'e Wurdumerdyk jouwe ek inkele stegen tagong ta de Weaze, al wit ik net oft dy in protte brûkt wurde troch fuotgongers dy't net yn dy steech sels hoege te wêzen. (Ik wit noch dat ik dêr ien kear binnentroch stutsen bin om in stik ôf te snijen, mar ik fielde my dêr net op myn gemak.) Yn Boalsert wit ik dat der in steechje is dat tagong jout fan 'e Appelmerk, de wichtichste winkelstrjitte, nei de strjitte dêrefter, de Nijmerk, dêr't parkearplakken binne. Dat is hiel apart yn 'e sin dat it breed begjint, mar taps tarint, sadat je der oan 'e kant fan 'e Nijmerk suver sydlings út (of yn) moatte. Yn Frjentsjer is in steech, de Tsjerkesteech, dy't rint fan 'e grêft by de Sulverstrjitte nei de Martinytsjerke. Dy wurdt ek in protte brûkt troch winkeljend publyk, om't by de grêft parkearre wurde kin, wylst it Martinyplantsoen, by de tsjerke, fia de Martinysteech tagong jout ta de Dykstrjitte, wat ien fan 'e wichtichste winkelstrjitten is. Wat stegen yn doarpen oangiet, wit ik dat yn Baaium teminsten twa steechjes binne fan 'e Buorren nei de Foarstreek, dy't tusken wenhuzen yn rinne. (Of rûnen; ik haw dêr yn gjin tritich jier west, dat it kin feroare wêze, mar wierskynlik net.) Dat is yn 'e âlde buorren fan it doarp, oan 'e noardkant fan 'e trochgeande dyk tusken Winsum en Hatsum, mar de terp mei de tsjerke leit oan 'e súdkant fan dy dyk. Dus ek yn doarpen binne stegen net altyd op 'e terp. Yn moderne wenwiken jouwe stegen by rychjeshuzen faak tagong ta de eftertunen, al binne dat miskien net stegen yn 'e tradisjonele sin fan it wurd, mei't der net oan beide kanten gebouwen binne. Faak binne der wol oan beide kant skuttings, wat itselde gefoel/oansjen jout. Dat is alles wat ik sa foar de hân wei opneame kin. Miskien betink ik letter noch wol wat. Gr., Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jul 2022, 00.08 (CEST)