Springe nei ynhâld

Oerlis:Oekraïne

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Oekraïne, soe neffens my omneamd wurde moatte ta Ukraïne. Hoe liket dat jim ta, krigele meidogger(s)? Drewes (talk) 21 okt 2013, 18.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik stel út om nei de nije stavering fan 2015 foar toponimen bûten de Benelux gjin rekken te hâlden mei "in oe" fan it Nederlânske wurdbyld. As wy Ukraïne staverje, slute wy oan by de fonetyk.Yn 'e Wâlden (talk) 24 des 2014, 12.53 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin derop tsjin. "Oekraïne" is de korrekte namme neffens de nije stavering (in "oe" yn it Nederlânsk moat no ommers altyd yn it Frysk ek in "oe" wêze) en in feroaring soe in ûnbidich soad wurk opsmite. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 jan 2015, 12.26 (CET)[beäntwurdzje]

De Ingelske en Nederlânske artikelen oer Oekraïne brûke de beneaming "De Oekraïne" net mear (se brûke gewoan "Oekraïne"). It lân sels hat ek oanjûn dat it tafoegjen fan "de" net mear as korrekt beskôge wurd.

Ik tink dat dat hjir (en yn oare artikels oer Oekraïne) ek feroare wurde moat. Chroala (oerlis) 13 apr 2023, 17.13 (CEST)[beäntwurdzje]

@Chroala: Goeie. Fiel jo frij en feroarje wat jo nedich fine. Groetnis, Drewes (oerlis) 13 apr 2023, 17.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik ha der neat op tsjin om it lân sûnder lidwurd te neamen, mar wol wol in nuânse oanbringe: taalkundich binne beide foarmen yn it Frysk tastien, de foarm mei it lidwurd is fanâlds sels gongberder. It Oekraynske regear mei dêr fansels wat fan fine, mar dat soarget der net automatysk foar dat wy “de Oekraïne” ynienen as ferkeard beskôgje moatte. It taheakjen fan lidwurden oan geografyske nammen komt yn it Frysk ommers wol faker foar: tink oan “De Westereen”, “De Grinzer Pein”, “It Hearrenfean” of “De Harkema”. Myn útstel soe wêze om yn de ynlieding “de Oekraïne” tusken heakjes te beneamen, bygelyks: “Oekraïne (ek wol de Oekraïne)...”. Magna Frisia (oerlis) 11 jul 2023, 18.27 (CEST)[beäntwurdzje]
@Chroala: Hjir bin ik it beslist net mei iens. De korrekte foarm hat yn it Frysk en ek yn it Nederlânsk altyd "de Oekraïne" west. Dat se har der yn it Nederlânsk en it Ingelsk neat mear oan gelegen lizze litte hoe't it heart, om't blykber alles tsjintwurdich mar lykslein wurde moat en alle foarmen dy't in bytsje oars binne yn it jiskefet dondere wurde, dêr bin ik it net mei iens, mar dêr kin ik neat oan dwaan. Mar wat se yn dy talen dogge, hat neat mei it Frysk út te stean. En yn de Oekraïne kinne se wol mear wat fine, mar dêr hawwe se inkeld wat te sizzen oer hoe't it Oekraynsk sprutsen en skreaun wurde moat, net bûtenlânske talen. De juste foarm is "de Oekraïne", en dêr feroaret neat oan as guon minsken it tefolle muoite fine om it lidwurd te brûken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 jul 2023, 22.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Der is gjin "korrekte foarm," wy kinne kieze hokker foarm wy brûke en de nammen fan lannen wurden meastens net foarôfgien troch in lidwurd. Chroala (oerlis) 12 jul 2023, 00.37 (CEST)[beäntwurdzje]
Fansels is der wol in korrekte foarm, oars soene der foar it skriuwen fan in taal gjin regels wêze. Dat net ien jo yn it tichthús smyt as jo yn dit gefal it lidwurd weilitte en dat it jo sadwaande dus frij stiet om dat te dwaan, wol noch net sizze dat it korrekt taalgebrûk is. Dat oare lannenammen gjin lidwurd hawwe, docht der net ta. Dat bedoel ik dus mei wat ik hjirboppe sei: der bestiet op 't heden in trend om alles mar gelyk te skeakeljen en alle taalfoarmen dy't ôfwike (en dêrom nei myn miening just karakter hawwe) mar fuort te smiten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 jul 2023, 01.46 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk Dat de measte lannen gjin lidwurd brûke jouwt oan dat dit in akseptabele en begryplike foarm is foar de nammen fan lannen yn't Frysk. Dus kinne wy us gewoan oanslute by de winsken fan 'e Oekraïners sels en de konsensus fan 'e ynternasjonale mienskip.
Jo gûlen oer trends en "karakter hawwe" wie net nedich. Konsekwint wêze is ek karakter hawwe. Chroala (oerlis) 12 jul 2023, 12.15 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat foar de nammen fan 'e measte lannen gjin lidwurd brûkt wurdt, seit presys neat oer wat de wenstige en korrekte foarm fan 'e Oekraïne is. En myn "gûlen"? Bliuw even fatsoenlik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 jul 2023, 12.43 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk Beide binne begrypelik, beide kinne brûkt wurde. Ik haw myn redenearring jûn foar de foarkarsfoarm en sil it net werhelje.
Jo hawwe gjin redenen jûn om de oare foarm de foarkar te jaan oars dan koppig wêze oer wat oaren dogge. Chroala (oerlis) 13 jul 2023, 01.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw al ferskate kearen útlein dat de foarm mei it lidwurd yn it Frysk de korrekte foarm is. It weilitten fan it lidwurd is gewoan fout. Dat Jan en alleman dat tsjintwurdich dochs docht, feroaret dêr neat oan. As jo it ferpoffe om dat oan te nimmen, dan stiet dat jo fansels frij, mar dan kinne we better ophâlde mei dizze diskusje, want dan hat fierder praten gjin sin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jul 2023, 01.53 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk "it is gewoan sa" kin ik neat mei Chroala (oerlis) 13 jul 2023, 01.57 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik tink ek net dat wy in foarm moatte brûke dy't Oekraïners as beledigend beskôgje allinnich om't wy de dingen oars dwaan wolle. Chroala (oerlis) 12 jul 2023, 00.37 (CEST)[beäntwurdzje]
Wy sizze net fan "de Oekraïne" om it oars te dwaan, mar om't it sa heart. Jo dogge it sels krekt oars troch it lidwurd wei te litten wylst dat yn ús taal net sa heart. Wat it "beledigjende" foar Oekraïners oangiet: ik haw it artikel hielendal trochwest dat jo hjirboppe keppele hawwe, en ik moat sizze dat ik yn tiden net sokke laarjekoek lêzen haw. Om't it Oekraynsk as Slavyske taal gjin lidwurden hat, meie oare talen ek gjin lidwurd foar de namme Oekraïne sette. En it lidwurd komt derfan dat "Oekraïne" eins "grinsgebiet" betsjut, mar om der in lidwurd foar te setten soe oanjaan dat it ûnderdiel fan Ruslân is. Hoe komme se derop? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 jul 2023, 01.46 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk Dat jo de redenen laarjekoek fyne feroaret neat oan it feit dat it de winsk is fan 'e Oekraïners sels om it lidwurd yn fremde talen fuort te litte. Chroala (oerlis) 12 jul 2023, 12.23 (CEST)[beäntwurdzje]
De Oekraïners kinne net ferwachtsje dat sprekkers fan oare talen har taal oanpasse oan 'e Oekraynske winsken. Dat is gewoan net hoe't it wurket. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 jul 2023, 12.43 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk Se kinne et wol fersikje en wy kinne respektfol wêze en dêr yn meigean. Chroala (oerlis) 13 jul 2023, 01.17 (CEST)[beäntwurdzje]
Respekt is foar jo blykber wat dat allinne mar ienrjochtingsferkear is fan ús nei harren ta. It is hiel ûnrespektfol fan harren om ús foarskriuwe te wollen hoe't wy ús eigen taal brûke moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jul 2023, 01.25 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk Oanjaan wat dyn foarkar is is net "foarskriuwe." Chroala (oerlis) 13 jul 2023, 01.53 (CEST)[beäntwurdzje]
Safier't ik wit wurdt der hast altiten fan "De Oekraïne" sprutsen, dus dat tink ik dat it de krekte Fryske namme is. Kneppelfreed (oerlis) 11 jul 2023, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik slút my by jimme oan. Wy kinne hjir ús eigen gewoanten en ús eigen taalwensten folgje en hoege net te dwaan wat oaren dogge. Wat oaren dogge is gjin argumint om dat dan ek te dwaan. 'De Oekraïne' dus.--RomkeHoekstra (oerlis) 11 jul 2023, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
@Chroala dat der Oekraïners binne dy’t harren troch in lidwurd misledige fiele sil miskien sa wêze, mar dêr ha wy gjin boadskip oan. It iennichste dêr’t wy boadskip oan ha is de goede foarm yn it Frysk. “De Oekraïne” is de oarspronklike foarm en docht mear fryskeigen oan, mar “Oekraïne” wurdt tsjintwurdich ek in soad brûkt en is likegoed geef. It is yn dit gefal dus net sa dat it iene goed is en it oare ferkeard. Persoanlik ha ik net in foarkar foar it ien as it oar, mar it liket derop dat de mearderheid foar “de Oekraïne” is. Jim fjochtsje noch mar moai efkes troch oer de foarkarsfoarm dy’t wy hjir op de Fryske Wikipedy oanhâlde moatte, mar ik fyn yn alle gefallen wol dat beide foarmen in plak yn it artikel ha moatte. Se wurde beide ommers brûkt. Magna Frisia (oerlis) 12 jul 2023, 23.53 (CEST)[beäntwurdzje]
@Magna Frisia ik probear ek net te sizze dat de oare ferkeard is, gewoan dat der goeie redenen binne om de koarte foarm te brûke as foarkarsfoarm. Beide foarmen moatte yn it artikel neamd wurde. Chroala (oerlis) 13 jul 2023, 01.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik stel út om gewoan de Fryske skriuwwize te brûken, itjinge "De Oekraïne" is. Dêrby kin yn it artikel neamd wurde dat de Oekraïners de foarkar jouwe en skriuw de namme sûnder it lidwurd en dêrby soe ek neamd wurde moatte wêrom dat sa is. De keppeling om utens dy't @Chroala: earder neamd hat, kin as boarneferwizing dêr benefter taheakke wurde. --Kneppelfreed (oerlis) 13 jul 2023, 03.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Bêst genôch. Even foar de dúdlikheid: ik haw der gjin beswier tsjin dat yn it artikel de foarm sûnder lidwurd neamd wurdt, bgl. yn 'e ynlieding of oars yn in aparte paragraaf oer de etymology fan 'e lânsnamme. Wêr't ik wol beswier tsjin haw is dat it lidwurd oeral skrast wurde soe, wat it oarspronklike foarstel wie dat oanlieding joech ta dizze diskusje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jul 2023, 12.55 (CEST)[beäntwurdzje]