Oerlis:Mustapha Ishak-Boushaki

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wat moatte wy mei dizze side?[boarne bewurkje]

Wat moatte wy mei dizze side? Drewes (oerlis) 6 nov 2023, 19.45 (CET)[beäntwurdzje]

Mei om my wiske wurde. Ik haw gjin nocht en hifkje de stavering, want dan moat de hiele side op 'e kop. Kneppelfreed (oerlis) 6 nov 2023, 21.26 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, goai mar fuort. Us tiid is beheind, we kinne net altyd it wurk fan oaren neirinne as se it Frysk net goed yn 'e macht hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 nov 2023, 01.00 (CET)[beäntwurdzje]
Sjoch ek hjir (sykje mei Ctrl-F op wiki] deleted): op aardich wat oare wiki's is it stikje oer dizze man ek al fuortdien. Wutsje 7 nov 2023, 05.56 (CET)[beäntwurdzje]
Ik hie leaver net dat wy eat fuortsmiten, oars wurde wy hieltiid mear in atlas of reisboek. Ik koe der dit fan meitsje (mei help fan it Sieuwsk (zea:)):
En wat my oanbelanget ek gewoan fuortgoaie.--RomkeHoekstra (oerlis) 7 nov 2023, 20.57 (CET)[beäntwurdzje]
Ofbyld:Mustapha Ishak Boushaki.jpg

Mustapha Ishak-Boushaki, Arabysk: مصطفى إسحاق بوسحاقي , Berbersk: Mⵓⵙⵜⴰpⵀⴰ Iⵙⵀⴰⴽ-Boⵓⵙⵀⴰⴽⵉ , (Thénia, 25 jannewaris 1967) is in Algerijnsk-Amerikaansk natuerkundige fan Berbersk komôf. As heechlearaar is er spesialisearre yn teoretyske natuerkunde en kosmology. Mysha (oerlis)

@Mysha: As jo der dochs oan begjinne, soe ik sizze: wreidzje it wat fierder út. Drewes (oerlis) 7 nov 2023, 20.14 (CET)[beäntwurdzje]
Ik soe earst wol efkes dizze diskusje trochlêze. Wutsje 8 nov 2023, 07.18 (CET)[beäntwurdzje]
Lykas Ieneach al seit: Us tiid is beheind. Dit is in minimaal artikel, foar as immen witte wol wa't er is. At der minsken, yn it Frysk, mear tafoegje wolle, dan meie hja harren frij fielje. Dat der oare Boushaki minsken binne op oare W: dy't dêr in probleem binne is wat oars. At wy fan it gedoch ôf wize wollle, dan moatte wy in kategoary of side Wywittedatoarengraachkeningfanfywêzewolle oanmeitsje. Dat is wat de problemen jout, net of de man min Frysk skriuwt. Mysha (oerlis)
As dat sa is, dan is it gewoan in foarm fan spam. Ik leau net dat we dêr in nij berjocht foar hoege oan te meitsjen. Hoe dan ek, as Mysha graach wol dat it in stobbe wurdt mei de boppesteande tekst, dan haw ik dêr ek gjin problemen mei. My stiet it net yn 't paad. En it is yn elts gefal better Frysk as no. Ik begryp trouwens de psychology net fan sokke lju dy't artikels oer harsels yn hûnderten ferskillende talen oanmeitsje. Is dit no in symptoom fan in narsistyske persoanlikheid? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 nov 2023, 23.21 (CET)[beäntwurdzje]