Oerlis:Lêste mienskiplike foarâlder
Appearance
Kinne we hjir net better "lêste mienskiplike foarâlder" fan meitsje? Ik bin gjin waarm foarstanner fan 'genderneutraliteit', sa't dat tsjintwurdich neamd wurdt, mar yn dit gefal liket it my tapasliker. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 des 2022, 23.48 (CET)
- At jo it idee hawwe dat minsken "foarâlder" sizze sille. FJF,GJG. It griist my oan, mar dat is grif ek om´t it sa dúdlik forfar is. En dan komt dêr fansels foarâlde by, en hja kinne ek foaralder en foaralde skreaun wurde. Dat eins is myn andert: "Nee, dat is grif net better." Aliter (oerlis) 31 des 2022, 00.09 (CET)
- @Aliter: Ik kin fan jo antwurd eins allinne de lêste sin folgje; de rest is Gryksk foar my. Mar ik meitsje der út op dat jo wat tsjin it wurd "foarâlder" hawwe. Wêrom begryp ik net. "Foarâlder" is in hiel gewoan Frysk wurd. It is ek gjin resinte oanwinst of sa; it stiet al yn it Frysk-Nederlânsk Wurdboek fan 1984. De besibbe fraze "fan âlder op âlder" (= fan generaasje op generaasje) is sels sa geef Frysk dat it suver argaysk is en hast inkeld bekend is út 'e Fryske Bibeloersetting. Dus it wurd sels kin objektyf neat op tsjin wêze. Om't it ûnlogysk is om fol te hâlden dat in lêste mienskiplike foarâlder manlik wêze moat, dring ik jitris oan op in feroaring fan "foarfaar" yn "foarâlder". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2023, 01.34 (CET)
- Ik sil der wat mear in langskrift-ferzje fan meitsje: 'At jo it idee hawwe, dat minsken leaver "foarâlder" lêze wolle as "foarfaar", dan: Fiel Jo Frij, en Gean Jo Gang. Mar ik moat al sizze, dat "foarâlder" perfoarst net myn kar wêze soe. Foar in part is dat om't "foarfaar" sa dúdlik it Deenske wurd "forfar" is, wat hast net better kin: it is koart, mei in yntern stêfrym en rym. No is "foarfaar" net krekt itselde as "forfar", mar it komt der tichteby. Dat is oars by "foarâlder". Dat is in langer wurd, sûnder stêfrym, mei trije wurdlidden, dêr't elts wurdlid in oare langte hat, mei ien kear in oanset en twa kear net. Dêr komt by dat der net allinnich "âlder" sein wurdt, mar ek "âlde". Makket it dan ek "foarâlder" njonken "foarâlde". En fansels, om't foar "â" ek "a" skreaun wurde kin: binne it dan ek "foaralder" njonken "foaralde"? En dan giet dat noch foarby oan dialekten dêr´t hielendal net in wurd "âlder" is, om't hja ienfâldich "heit en mem" binne. Dat "âlder" hat in swym fan Hollânsk, dêr't ik net gelokkich fan wurd. Dat, strikt naam, wêr't it giet om it andert op jo fraach "Kinne we hjir net better 'foarâlder' brûke yn stee fan 'foarfaar'?", is myn andert: "Nee, soks te kiezen is grif net better."' Aliter (oerlis) 1 jan 2023, 19.10 (CET)
- Ik wurdearje it dat jo my jo antwurd even útlizze woene. Ik begryp no dat jo "foarfaar" gewoan in moai wurd fine. Dêr kin ik wol yn komme; sokke wurden haw ik ek. En oarsom haw ik ek wurden dêr't ik wat in hekel oan haw en dy't ik dêrom net brûk. Yn it Hollânsk is ofschoon sa'n wurd. Op 'e middelbere skoalle hat in learaar Ingelsk ús ris ferteld dat hy dat hy dat krekt sa'n praaachtich wurd fûn. Mar no moat ik eltse kear as ik dat wurd hear of lês, oan dy man tinke, en dat wie no ienris net sa'n oangenaam hearskip, sadwaande. Mar dat is allegear subjektyf; it wurd "ofschoon" wurdt dêr op himsels neat minder fan. En jo sille tajaan moatte dat soks ek sa is mei "foarfaar", dat jo dêr in sin by hawwe feroaret neat oan 'e objektive betsjutting fan dat wurd. Ik sil it jo noch sterker fertelle: ik fyn sels "foarfaar" ek in moaier wurd as "foarâlder". Mar dat feroaret der neat oan dat "foarâlder", dêr't gjin geslacht yn besletten leit, hjir neffens my passender is as "foarfaar", dat dúdlik ferwiist nei it manlik geslacht. It giet der my net om wat minsken leaver lêze wolle, mar wat objektyf sjoen korrekter is.
- Ik ken persoanlik it wurd "âlde" net yn 'e betsjutting fan heit of mem, mar it wurdboek jout jo gelyk: it bestiet. "Foarâlde" kin ik der net yn fine, mar logysk neitinkend soe dat dan yndie ek bestean moatte. Dochs liket it my dúdlik dat "foarâlder" de mear gongbere foarm is. Hoe dan ek, ik sjoch net yn wêrom't it bestean fan dizze synonimen in probleem wêze soe. Dêr hawwe wy redirects foar om 'e lêzer nei de juste side troch te wizen. As jo sizze dat njonken "foarâlder" en "foarâlde" dan ek de foarmen "foaralder" en "foaralde" bestean soene, kin ik dêr net yn meigean. Dy wurden kinne neffens de Fryske stavering net sûnder kapke skreaun wurde, of it moat wêze dat it hiele wurd mei haadletters skreaun wurdt, mar dan falle alle diakrityske tekens fuort. Dat guon dialekten net oer it wurd "âlder" beskikke, soe kinne, mar we skriuwe hjir yn it Standertfrysk, en sprekkers fan dy dialekten sille perfoarst begripe wat der bedoeld wurdt as se dit lêze.
- Dat "âlder" in swym fan Hollânsk hat, bin ik mei jo iens, mar dat doocht neffens my net. Ynsafier't ik neigean kin, is it in geef Frysk wurd dat net oan it Hollânsk ûntliend is. De útdrukking "fan âlder op âlder", dy't ik hjirboppe al neamde, mar ek âldbewende gearstallings as "âldershûs" en "âlderserf" befêstigje dat. Ik tink, it sil wol krekt sa'n spultsje wêze as mei it wurd "dier". Dat hat foar in protte Frysktaligen ek in swym fan it Hollânsk oer him, om't se yn it deistich spraakgebrûk altyd fan "bist" sizze, wylst yn it Hollânsk ornaris fan "dier" sprutsen wurdt en folle minder faak fan "beest". Mar eins is it sa dat "dier" it oarspronklike Fryske wurd is, wylst "bist" in ier lienwurd fan bûten is, op basis fan it Aldfrânske beste (modern Frânsk: bête). Skyn kin dus wolris ferrifelje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jan 2023, 00.19 (CET)
- Ik sil der wat mear in langskrift-ferzje fan meitsje: 'At jo it idee hawwe, dat minsken leaver "foarâlder" lêze wolle as "foarfaar", dan: Fiel Jo Frij, en Gean Jo Gang. Mar ik moat al sizze, dat "foarâlder" perfoarst net myn kar wêze soe. Foar in part is dat om't "foarfaar" sa dúdlik it Deenske wurd "forfar" is, wat hast net better kin: it is koart, mei in yntern stêfrym en rym. No is "foarfaar" net krekt itselde as "forfar", mar it komt der tichteby. Dat is oars by "foarâlder". Dat is in langer wurd, sûnder stêfrym, mei trije wurdlidden, dêr't elts wurdlid in oare langte hat, mei ien kear in oanset en twa kear net. Dêr komt by dat der net allinnich "âlder" sein wurdt, mar ek "âlde". Makket it dan ek "foarâlder" njonken "foarâlde". En fansels, om't foar "â" ek "a" skreaun wurde kin: binne it dan ek "foaralder" njonken "foaralde"? En dan giet dat noch foarby oan dialekten dêr´t hielendal net in wurd "âlder" is, om't hja ienfâldich "heit en mem" binne. Dat "âlder" hat in swym fan Hollânsk, dêr't ik net gelokkich fan wurd. Dat, strikt naam, wêr't it giet om it andert op jo fraach "Kinne we hjir net better 'foarâlder' brûke yn stee fan 'foarfaar'?", is myn andert: "Nee, soks te kiezen is grif net better."' Aliter (oerlis) 1 jan 2023, 19.10 (CET)
- @Aliter: Ik kin fan jo antwurd eins allinne de lêste sin folgje; de rest is Gryksk foar my. Mar ik meitsje der út op dat jo wat tsjin it wurd "foarâlder" hawwe. Wêrom begryp ik net. "Foarâlder" is in hiel gewoan Frysk wurd. It is ek gjin resinte oanwinst of sa; it stiet al yn it Frysk-Nederlânsk Wurdboek fan 1984. De besibbe fraze "fan âlder op âlder" (= fan generaasje op generaasje) is sels sa geef Frysk dat it suver argaysk is en hast inkeld bekend is út 'e Fryske Bibeloersetting. Dus it wurd sels kin objektyf neat op tsjin wêze. Om't it ûnlogysk is om fol te hâlden dat in lêste mienskiplike foarâlder manlik wêze moat, dring ik jitris oan op in feroaring fan "foarfaar" yn "foarâlder". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2023, 01.34 (CET)
@Drewes, FreyaSport, Kneppelfreed, en RomkeHoekstra: Wat fine jimme hjir eins fan? Bin ik no de iennichste dy't "foarfaar" yn dit ferbân nuver fynt? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jan 2023, 00.23 (CET)
- Goeie @Ieneach fan 'e Esk en @Aliter. Nee, Ieneach, ik tink dat jo net de iennichste binne. Ja ik fyn "foarfaar" ek in moai wurd, dochs tink ik dat "foarâlder" yn dit lemma tapasliker is. "Foarfaar" slacht op de manlike persoan dêr't in geslacht fan ôfstammet. We kinne sizze dat Willem Loadewyk de foarfaar fan it Nederlânsk keninklik hûs is. "Foarâlder" slacht op sawol de manlike as froulike persoan. Yn dit artikel giet it net spesifyk om in manlike of froulike persoan. Frysker seit dat ek. En "foarâlder" is neffens my like geef as "foarfaar". Guon wurden yn it Frysk lykje gewoan op dy yn it Hollânsk om't se twa besibbe talen binne, lykas guon wurden dy't op wurden út it Ingelsk en Dútsk en yn mindere mjitte ek út it Deensk en Sweedsk lykje. Kneppelfreed (oerlis) 2 jan 2023, 03.34 (CET)
- Ik slút my by Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed oan. Yn guon teksten soe it wurd foarfaar goed passe, mar om boppeneamde redenen yn dit lemma net.--RomkeHoekstra (oerlis) 2 jan 2023, 08.08 (CET) Drewes (oerlis) 2 jan 2023, 16.11 (CET)
- Ik wit net fan in foarm fan lang werom. Ik wit net fan earder as de Frânske Tiid. Om't de Frânske n sa'n wurd hienen, krige it Frysk dat ek. En dat is ek wêrom der hieltiid noch "heitenmem" sein wurdt. "Ouder" yn it Hollânsk komt fan "oud". Yn it Frysk: "âld" bernet "âlde". Dat "âlder" is in eigenskipswurd.
- Hoe ek, der sil nimmen freegje wêr't de primaat-froulju wienen. Nee, it is oarsom: Krekt om't eltsenien wit of begripe kin dat wy net oer in yndividu prate, is der gjin grûn om te sizzen dat om in "mantsje- en wyfkeprimaat" giet. Dat wêrom soenen wy sizze dat it perfoarst om beiden giet mei "primaatfoarâlde(r)". SImpel: primaatfoarfaar.
- Mar lykas ik de earste kear al sei: At jo it idee hawwe dat minsken "foarâlder" sizze sille. FJF,GJG. Aliter (oerlis) 2 jan 2023, 22.27 (CET)