Springe nei ynhâld

Oerlis:Kralendijk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Noard-Amearika

[boarne bewurkje]

Kralendijk leit op Bonêre. Bonêre is ien fan de ABC-eilannen. De ABC-eilannen binne Underwynske Eilannen. De Underwynske Eilannen binne Lytse Antillen. De Lytse Antillen binne Antillen. De Antillen binne eilannen yn de Karibyske See. Eilannen yn de Karibyske See lizze yn de Kariben. De Kariben binne in part fan Midden-Amearika, part fan Noard-Amearika.

Dat ,de kategoy Haadstêd yn Noard-Amearika wie goed. Mysha (oerlis)

Yndie. Drewes (oerlis) 13 mrt 2018, 15.05 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes en Mysha: Dat liket my raar ta; it leit ommers lyk foar de kust fan Fenezuëla. Jo redenearing, Mysha, dat àlle eilannen yn 'e Karibyske See by Noard-Amearika hearre, giet neffens my net op. De Boppewynske Antillen (ynkl. Saba, Sint-Eustasius en Sint-Marten) foarmje ien grutte sliert fan Kuba oant Trinidad en Tobago, en dy wurde yndie ta Noard-Amearika rekkene, mar Arûba, Kurasau en Bonêre lizze dêr hûnderten kilometers ôf, en foarmje de Underwynske Antillen mei in stikmannich Fenezolaanske eilannen, wêrfan't it grutste en bekendste Isla Margarita is. Leit dat dan ek yn Noard-Amearika? Lit ik it oars stelle: Leit Fenezuëla foar in diel yn Noard-Amearika? Ik tink dat hast eltsenien "nee" sizze soe op dy fraach. Geografysk sjoen tink ik dus dat der gjin twifel oer bestean kin dat Arûba, Kurasau en Bonêre ta Súd-Amearika hearre. No is it fansels wol mooglik dat se om politike redens by Noard-Amearika rekkene wurde, krekt sa't Syprus, Georgje, Armeenje en Azerbeidzjan ek faak ta Jeropa rekkene wurde, hoewol't dy lannen geografysk sjoen yn Aazje lizze. Foarhinne, doe't de Nederlânske Antillen noch bestiene, koe men ornearje dat alteast Kurasau en Bonêre by Noard-Amearika lutsen waarden troch har bannen mei Saba, Sint-Eustasius en Sint-Marten. Mar dy bannen besteane no net mear, dat ik tocht dat Súd-Amearika it meast foar de hân lizzend wie. Twifelgefal? We kinne se ek yn 'e kategoryen fan sawol Noard- as Súd-Amearika dwaan, krekt sa't we Georgje, Armeenje en Azerbeidzjan by sawol Jeropa as Aazje yndiele. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2018, 17.03 (CET)[beäntwurdzje]

It liket net logysk, yndie, mar ik tink net dat it geografysk in twifelgefal is. It hiele Karibysk Gebiet wurdt op de grutte Wikipedyen ta Noard-Amearika rekkene. Op nl: falt it ek ûnder Midden-Amearika en dy kat. ûnder sawol Noard- en Latynsk-Amearika. It mei fan my om polityk-kulturele redenen ek wol ta Súd-Amearika rekkene wurde. Drewes (oerlis) 13 mrt 2018, 17.33 (CET)[beäntwurdzje]

Hmm. Ik bliuw it wat apart finen. En polityk-kultureel soe it krekt by Noard-Amearika yndield wurde moatte, wylst de bân mei Súd-Amearika neffens my geografysk is. Mar goed, dit is foar my gjin halssaak; ik besykje allinnich alles sa sekuer mooglik yn te dielen. As jimme fine dat yndieling by Noard-Amearika better is, dan dogge we dat. Ik sil noch even ôfwachtsje wat Mysha seit, ear't ik aksje ûndernim, want ik wol der leafst mar ien kear by lâns hoege. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2018, 18.05 (CET)[beäntwurdzje]
Polityk en kultureel net Latynsk? Oan'e bûtenkant miskyn, mar ynderlik, fielen, hâlden en dragen, útfiering? Hawar.. Drewes (oerlis) 13 mrt 2018, 18.25 (CET)[beäntwurdzje]
Ach, ja, fansels, se prate dêr Papiamintsk. Ik siet mar mei it Kreoalsk-Ingelsk yn 'e holle, mar dat is op Sint-Marten, Saba en Sint-Eustasius. Ik wie fan 'e middei mei twa dingen tagelyk oan 'e gong, dan krije je sokke keunsten... Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2018, 19.35 (CET)[beäntwurdzje]
Ik hie dy keppelings der ynsetten dat it dermei nei te gean wie. It is fansels in grinsperbleem. Om net mar wat streken op de kaar te setten brûke minsken natuerlike grinzen. Mar de lju oan beide kanten fan de grins swimme yn deselde rivier of klimme nei deselde berchtop. Natuerlike grinzen binne kultureel net folle better as streken op de kaart. Foar de Karibyske See binne blykber alle eilannen dy't net by in lân dêr op de fêste wâl hearre byelkoar naam. En om't de lju op dy fêste wâl Amearika yn mar twa parten opdiele wolle, komme dy eilannen dan allegear by Noard-Amearika. It soe op ús siden oars kinne, mar dan moatte wy alle siden dêr oan oanpasje, en dan moatte wy by alles hjiroer der om tinke dat wy oars binne as de oare wikipedys.
At jimme it iens binne oer de kulturele, polityke en taalkundige parten, kinne dy dan ek in plak krije op de siden, at dy dat noch net hawwe? Mysha (oerlis)
@Mysha: In grinsperbleem, dat sizze jo moai. No goed, sa't ik sei, it is my beslist gjin halssaak, dat dan dogge de ABC-eilannen by Noard-Amearika. Ik sil it ynoarder meitsje, al wit ik net oft dat fan 'e jûn noch slagget, want ik haw noch in pear putsjes dy't earst even moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 mrt 2018, 22.12 (CET)[beäntwurdzje]

Putsjeskepper. Drewes (oerlis) 14 mrt 2018, 22.15 (CET)[beäntwurdzje]

Klear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 mrt 2018, 23.37 (CET)[beäntwurdzje]