Kralendijk

Ut Wikipedy
Kralendijk
De kaai fan Kralendijk.
De kaai fan Kralendijk.
Polityk
Lân Nederlân
Eilan Bonêre
Sifers
Ynwennertal 12.531 (2007)
Oar
Stifting 1810
Koördinaten 12° 09' NB, 68° 16' WL
Lizzing Kralendijk

Kralendijk is it haadplak fan Bonêre, ien fan de eilannen fan de Nederlânske Antillen. It plak is mei likernôch 3.000 ynwenners ek it grutste plak fan it eilân. De namme wurdt sûnt likernôch 1840 brûkt en is ôflaat fan it koraalrif dat dêr in soad is. Op it eilân wurdt it plak ek wol Playa neamd, dat yn it Spaansk 'strân' betsjut.

Kralendijk is in lyts, rêstich plak mei in soad gebouwen yn pastelkleuren. It sintrum fan de stêd bestiet út in bûlevaar, de Kaya Craane, en in winkelstrjitte, de Kaya Grandi. Foar de bûlevaar lizze priveeboaten fan minsken dy’t Bonêre opsykje en dêr foar anker geane. Oan de súdkante leit Fort Oranje, dat yn de 1639 boud waard om Bonêre te beskermjen. Oan de noardkante fan it fort stiet it âlde, giele, gûverneurshûs, hjoed de dei is dêr de eilânrie fêstige, ek stiet der in grien dûanegebou. De stêd hat fierders in jachthaven en in fuotbalstadion ta har foldwaan. Ek is der in romaansk paviljoen dat brûkt wurdt as fruitmerke.

Krekt besuden de stêd leit it fleanfjild Flamingo International Airport.

Foar de kust fan Kralendijk leit it ûnbewenne eilân Lyts Bonêre. Dat berikber is mei in wettertaksy en dat in grutte toeristelûker is foar it eilân. Lyts Bonêre stiet bekend as dûkersparadys.

Elts jier wurdt der mei karnaval in optocht troch de stêd hâlden.

De âldste delsetting op Bonêre is net Kralendijk, mar it lytsere, noardliker Rinkon.