Fort Oranje (Bonêre)
Appearance
Fort Oranje is in lyts fort yn it sintrum fan Kralendijk, de haadstêd fan it eilân Bonêre yn Karibysk Nederlân. It fort hat fjouwer antike kanonnen
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fort Oranje waard yn 1639 boud fanwege de West-Yndyske Kompanjy. Oant 1837 wie it fort offisjeel in ferdigeningswurk.
Yn 1932 waard in stiennen toer oan it fort boud, de ferfanger fan in earder houten eksemplaar.
Yn de tweintichste iuw hat it fort ferskate funksjes hân, ûnder oaren de brânwacht en de plysje hawwe it gebou brûkt. Tsjintwurdich húsmannet it Iepenbier Ministearje dêr.