Oerlis:Jeropa
Wurdt it net ris tiid om Jeropa en Jeropeesk te feroarjen yn it modernere Europa en Europeesk? Drewes (oerlis) 24 mrt 2019, 18.30 (CET)
- Mei iens. Ik kin gjinien dy't noch Jeropa skriuwt, útsein hjir op 'e Wikipedy. Magna Frisia (oerlis) 5 mrt 2021, 02.26 (CET)
- Tsja, as dat it argumint wurdt, dan kinne we de helte fan 'e Fryske wurdskat wol fuortsmite. Ik fyn 'Jeropa' in moaie foarm, en it liket my in goed ding ta dat dy beholden bliuwt. Boppedat is it gebrûk fan dizze foarm hjir yn 'e Wikipedy inkeld streamline foar titels fan artikels en kategoryen. Yn 'e rinnende tekst kin eltsenien 'Europa' skriuwe as er dat leaver wol. Dat ik sjoch it probleem net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 mrt 2021, 22.36 (CET)
- Ik bin it mei Ieneach iens. Sa kinne we altyd mar feroarjen bliuwe. Ik fyn Jeropa ek in moai wurd. Lit mar moai sa, soe ik sizze --Kneppelfreed (oerlis) 6 mrt 2021, 01.21 (CET)
- Dêr soe ik my yn fine kinne as it ek mar in bytsje gongber wêze soe, mar dat idee ha ik net. Neffens de foarkarswurdlist moat it Europa wêze, dat is ek de stavering dy’t yn de Frysktalige media konsekwint brûkt wurdt. Moai is subjektyf en dêrom foar my gjin argumint, yn myn eagen moat de nammejouwing in ôfwaging tusken de deistige praktyk en “neffens it boekje” wêze (dat lêste waacht fansels swierder). Hjir is dat yn beide gefallen “Europa”. Ik ha fierder neat tsjin de stavering “Jeropa” op himsels, mar ik fyn it frjemd om yn de titel in minder gongbere foarm te brûken as der ek in foarm beskikber is dy’t mear gongber is. Magna Frisia (oerlis) 7 mrt 2021, 02.33 (CET)
- Op himsels is Jeropeeske net ferkeard, mar troch de begjinletter J ûntsteane automatysk ek ôfkoartings lykas "JU" en "JSB" (der binne noch wol mear). Sokke ôfkoartings wurkje frijwat ferfrjemdzjend. Dat makket it der foar de lêzer net begrypliker op. En saken begryplik útlizze/toane is ek in funksje fan in ensyklopedy tinkt my. Omneame liket my winsklik, ek om de hjir boppe neamde arguminten. Frou Watzema (oerlis) 7 mrt 2021, 09.07 (CET)
- Dêr soe ik my yn fine kinne as it ek mar in bytsje gongber wêze soe, mar dat idee ha ik net. Neffens de foarkarswurdlist moat it Europa wêze, dat is ek de stavering dy’t yn de Frysktalige media konsekwint brûkt wurdt. Moai is subjektyf en dêrom foar my gjin argumint, yn myn eagen moat de nammejouwing in ôfwaging tusken de deistige praktyk en “neffens it boekje” wêze (dat lêste waacht fansels swierder). Hjir is dat yn beide gefallen “Europa”. Ik ha fierder neat tsjin de stavering “Jeropa” op himsels, mar ik fyn it frjemd om yn de titel in minder gongbere foarm te brûken as der ek in foarm beskikber is dy’t mear gongber is. Magna Frisia (oerlis) 7 mrt 2021, 02.33 (CET)
- Ik bin it mei Ieneach iens. Sa kinne we altyd mar feroarjen bliuwe. Ik fyn Jeropa ek in moai wurd. Lit mar moai sa, soe ik sizze --Kneppelfreed (oerlis) 6 mrt 2021, 01.21 (CET)
- Tsja, as dat it argumint wurdt, dan kinne we de helte fan 'e Fryske wurdskat wol fuortsmite. Ik fyn 'Jeropa' in moaie foarm, en it liket my in goed ding ta dat dy beholden bliuwt. Boppedat is it gebrûk fan dizze foarm hjir yn 'e Wikipedy inkeld streamline foar titels fan artikels en kategoryen. Yn 'e rinnende tekst kin eltsenien 'Europa' skriuwe as er dat leaver wol. Dat ik sjoch it probleem net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 mrt 2021, 22.36 (CET)
- Trije jier letter bin ik it hjir bot mei iens en freegje ik my ôf wêrom't it noch hieltyd net oanpast is. It argumint fan Ieneach om it wurd te behâlden troch it hjir te brûken mar der yn der rest fan de wrâld "Europa" skreaun wurde mei (en wurdt), is in hiel swak argumint. It is no syn/har smaak dy't bepaald dat in tige brûkber artikel, term, ensfh. oars skreaun wurdt op Wikipedy as dat it brûkt wurdt. Fansels, sykje op Europa stjoert dy troch nei Jeropa, mar it is dochs gjin gesicht. Ek al fynt Kneppelfreed it in moai wurd. Dêr giet Wikipedy net oer. Stephan Berger (oerlis) 27 jun 2022, 12.12 (CEST)
Magna Frisia, de fariant 'Jeropa' is like geef Frysk as 'Europa' (gever, sille grif in soad minsken sizze). Dy foarkarsstavering, dêr't jo it oer hawwe, fyn ik in nuver ding. Dit is no al de safolste kear dat ik hjir yn in diskusje te hearren krij dat in wurd net yn in foarkarslist stiet, en dat it dêrom ("dus") net brûkt wurde mei. Wat hawwe je oan Fryske wurden as je se net brûke meie? Op dizze manier wurde wurden dy't net yn sokke foarkarswurdlisten opnommen binne, útrûge. Dat kin dochs grif nea de bedoeling west hawwe by it opstellen fan sa'n list. Ik akseptearje dêrom net dat in Frysk wurd net brûkt wurde mei om't it net op in foarkarswurdlist stiet. Wat gongberens oangiet: yn 'e sprektaal, dy't tsjintwurdich heal Hollânsk is, komt 'Jeropa' yndie spitigernôch net mear of amper noch foar, dat is wier. Yn 'e skriuwtaal sjocht men it noch wol. Ik wit net hokker 'media' jo it oer hawwe, Omrop Fryslân tink, want folle oare Frysktalige media binne der net. Dat se dêr de fariant 'Europa' brûke, wol ik gjin kwea fan sprekke, mar ik begryp net wêrom't dat dan oeral dien wurde moat.
Frou Watzema, jo hawwe fansels gelyk dat net ien wit wat der bedoeld wurdt as je de ôfkoarting JU sûnder fierdere útlis brûke. De oplossing is fansels om even 'Jeropeeske Uny' folút te skriuwen, dan is dat probleem oplost. Mar sa't ik al earder sein haw, net ien wurdt hjir twongen om yn 'e rinnende tekst fan in artikel de foarm 'Jeropa' te brûken. Der wurdt krekt dien as oft hjir it gebrûk fan dy foarm fan boppenôf oplein wurdt, mar dêr is hielendal gjin sprake fan. Eltsenien mei omraak 'Europa' en 'EU' skriuwe as er dat wol. Mar yn it begjin fan 'e Wikipedy hawwe guon meidoggers besletten om 'e foarm 'Jeropa' te brûken foar it artikel oer Jeropa. Dêrút is fuortkommen dat, om in bytsje konsekwintens te behâlden, alle titels fan artikels en kategoryen dêr't de namme fan it wrâlddiel of in ôflate foarm yn foarkomt ek dy foarm brûke. Mear is it net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 mrt 2021, 00.05 (CET)
Ik brûk beide foarmen trochinoar. It is eins mar krekt hoe't it sin is. romke fan tomke (daam) (oerlis) 12 mrt 2021, 16.52 (CET)