Springe nei ynhâld

Oerlis:It Hearrenfean (plak)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It is nyt myn broer.

[boarne bewurkje]

Wêrom is dit net It Hearrenfean (flekke)? Aliter (oerlis) 16 jan 2023, 18.48 (CET)[beäntwurdzje]

Omdat "plak" in folle algemienere oantsjutting is. Iksels soe bygelyks noait op it idee komme om sa'n link nei "It Hearrenfean (flekke)" te meitsjen. Ik wit wat de alve stêden binne, en foar de rest binne alle plakken yn Fryslân foar my doarpen. Sa is it tink ik foar de measte minsken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jan 2023, 21.00 (CET)[beäntwurdzje]
It begryp "flekke" wurdt al lang net mear brûkt. It soe eventueel yn it artikel ûnder skiednis neamd wurde kinne dat it in "flekke" wie/is. Kneppelfreed (oerlis) 16 jan 2023, 21.31 (CET)[beäntwurdzje]
Krekt. Ien fan de advizen is: Wês eksakt. Sis dat alle plakken yn Fryslân stêden binne as doarpen: dan is it in ramp fan ûnkrektens at der in omskriuwing brûkt wurdt dêr't sels dàt net oan te sjen is. Is dat Hearrenfean (plak) ien fan de âlve stêden? As is it in doarp? De lju witte it net, dat hja sykje op "It Hearrenfean", en wy fertelle harrren dat it in ...
Ik soe sizze dat plakken mei in lidwurd ek in yngong sûnder lidwurde krije meie. Mar at hja dan fan "Hearrenfean" trochwiisd binne nei "It Hearrenfean", dan wie it goed at dêr stie:
  1. "De flekke It Hearrenfean - in flekke wie/is fanâlds in 'grut doarp' mei merkrjocht."
Aliter (oerlis) 16 jan 2023, 23.41 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw "flekke" yn 'e ynlieding set, hoewol net as earste wurd. Wat it sykjen oangiet, as jo "It Hearre..." yntype yn it sykfinster, jout it systeem sels al de mooglikheden "It Hearrenfean (plak)" en "It Hearrenfean (gemeente)". Ik tink dat dat ûnderskie dúdlik genôch is. As jo sizze dat by Fryske plakken mei in lidwurd de foarmen sûnder lidwurd wol trochwiisd wurde meie, hawwe jo fansels wol in punt. Ik wie ferheard dat dat noch net sa wie. Ik haw dêr in begjin mei makke mei Hearrenfean en Jouwer. Hommerts en Amelân bestiene al. Op it stuit kin ik even net mear plaknammen mei in lidwurd betinke, dy binne der fansels wol, mar ja. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jan 2023, 01.24 (CET)[beäntwurdzje]
Ik lit dat ûnderskie mar foar wat it is, mar die plaknammen mei lidwurd der foar: Dêr haw ik alris oerneitocht doe't ik fernaam dat ik "It Immeloard" sei. (d/t?) Wêrom is dat sa? Ik wit it net, mar de wetmjittigens liket te wêzen dat it twadde wurdlid fan de namme in schwa is. HearENfean, GorREdyk, YlEKe. De wurdlidden binne der noch, sels at ynstusken de nammen feroare binne ta "De Gordyk"en "Drylts". Mar der binne ek mei de klearebare nammen: "De Falom", "De Blesse", "De Buoren", "De Harkema", "De Lemmer", "De Westerein", "De Haule", "It Heidenskip", "De Pein", "De Hoeve", "De Skâns", "De Knipe". En "De Pôle", mar dat is net in doarp as grutter; faaks binne der noch mear buorskippen. En wat puzzels: "De Himrik", "De Gaastmar", "It Oranjewâld ", "De Houtigehage". Ik moat noch efkens ien fine dy't wier wat fan taal wit. Mysha (oerlis)